Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Woansdei 4 juny Kampioenskip Gemeente Súdwest-Fryslân foar basisskoallen

Op 4 juni 2025 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 15 juny KNKB froulju fr.f.

Op 15 juni 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 6 july Jonge Hab Partij

Op 6 juli 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Fakânsjepartij mei waar as spek

zaterdag 17 augustus 2024
A-B B-C 1ste.jpg
Jouke.jpg
Kwa waar koe it net better. Kwa keatsen wie der in protte spanning, yn beide klassen.  Dêroer straks mear. It wie in echte fakânsjepartij. It begong relaxed om 14.00 oere en tsjin njoggenen wienen de prizen al útrikt troch Jouke Dotinga. Net ien hie haast, sa like it wol.

Marco Lobregt en Arjen Visser ferrassend nei de winst yn de A-B-klas
Mei 4 partoeren yn de A-B-klas koenen de sterkere mannen har wer lekker útlibje.  Nei twa omlopen wienen de kaarten wol skodde, sa like it. Timen van Gelderen, Jan Feenstra en Marco van der Goot hienen 2x wûn, mar wol mei flink wat tsjinearsten. En dat briek harren op, wat yn de beslissende partij tsjin Wybren Jorritsma, Feiko Scheepvaart en Gerben Wierda krigen dy mar 1 earst. Exit Van Gelderen c.s.

It wie ôfwachtsjen wat de oaren dwaan soenen. It bleau lang ûnwis. De winner  fan de partij tusken Jouke Dotinga en Jurjen Hiemstra en it duo Marco Lobregt en aspirant-lid Arjen Visser soe de krânsen om krije. En dat waarden Marco en Arjen op 5-5 6-2, de mannen mei de sterkste senuwen.
En sa pakten Wybren, Feike en Gerben dochs noch it silver. 



A-B-klas (4 partoeren)
1. Marco Lobregt en Arjen Visser
2. Wybren Jorritsma, Feiko Scheepvaart en Gerben Wierda

A-B 2de.jpg














B-C-klas
Marcel de Groot, Femke Veenstra en Petra Fekken en Etta Dotinga hawwe it net krigen
Nei it steande nûmer yn de earste omloop moasten se daliks oan 'e bak tsjin Tara van der Meulen, Jelmer Molenaar en Etta Dotinga. Dat wûnen se, 5-4. En doe wachten dêr op 'e tredde list Rijkel Dotinga, Harmen van Gelderen en Wietske Boschma, ek net snotterich. Spitich genôch koe Petra Fekken de partij net trochkeatse troch in rare kearaskje. Etta Dotinga foel - fris ûnder de dûs wei - yn foar Petra. En se makken it fakkundich út op 5-4 6-2.
En doe wie it oan Jelke Hindrik de Vries, Aaltsje Wesselius en Wytse Hospes om harren stikken te biten op de sterke formaasje De Groot- Veenstra-Dotinga. En dat dienen se, ûnder ferheftige tsjinstân, dat wol, 5-4 6-0. 
Yn de ferliezersfinale keatsten Marrit Oosterbaan, Femke Terpstra en Oeds Broersma sterk tsjin Kim van der Meulen, Wytse Symen Boschma en Rixt Velstra. En se wûnen op 5-3 6-2.
B-C 2de.jpg

B-C-klas (9 partoeren)
1. Marcel de Groot, Femke Veenstra en Etta Dotinga (ynfallen foar Petra Fekken)
2. Jelke Hindrik de Vries, Aaltsje Wesselius en Wytse Hospes
Ferliezersrûnte
1. Marrit Oosterbaan, Femke Terpstra en Oeds Broersma
2. Kim van der Meulen, Wytse Symen Boschma en 
Rixt Velstra
B-C 1ste ferl.jpg
B-C 2de ferl.jpg
 
Nieuws

Duo's Evert-Berber en Arjen-Sanne winne moai Pearkekeatsen yn Goaiïngea

zaterdag 31 mei 2025
...
Lees meer...

Bern-âlderkeatsen, it wie wer âlderwetsk!

donderdag 29 mei 2025
De...
Lees meer...

Boalsert wint famkes ôfdieling, 3de priis foar Brecht Renema mei Balk

zondag 18 mei 2025
...
Lees meer...