Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Freed 5 juny Regio ôfdielingskampioenskippen 

Op 5 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 5 juny Federaasjepartij junioaren

Op 5 juni 2026 om 17:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 19 juny Ferklaaipartij leden jeugd

Op 19 juni 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Duo's Evert-Berber en Arjen-Sanne winne moai Pearkekeatsen yn Goaiïngea

zaterdag 31 mei 2025
Allegearre.jpg
En it bleau noch lang gesellich
Om 11 oere moarns begong de keatserij mei prachtich waar,, dit kear net yn in oar doarp, mar gewoan 'thús' yn Goaiïngea. Nei in net al te lange dei en in moaie keatserij waarden de  prizen útrikt ünder ferantwurlikheid fan de frouljus- en manljuskommisje (fotohjirûnder).
Priisútrikking kommsjes.jpg

A-B-klas
Yn de A-B-klas wûn it sterke duo Evert Sijbesma en Berber van der Goot, dat koe hast net misse. Yn de finale krigen Marcel de Groot en Rigt van der Velde (wer in kear yn aksje!) mar in spul.
De ferliezersfinale waard wûn troch it koppel Norah ten Brink en Sytze Jan de Vries, yn in spannende partij tsjin Rixt Oosterhaven en Jouke Dotinga, 5-4 6-6.

A-B-klas (8 partoeren)
1. Evert Sijbesma en Berber van der Goot
2. Marcel de Groot en Rigt van der Velde
Ferliezersrûnte
1. Norah ten Brink en Sytze Jan de Vries
2. Rixt Oosterhaven en Jouke Dotinga

A-B-klas 1.jpg
A-B-klas 2.jpg
A-B-klas 3 ferl. 1.jpg
A-B-klas 4 ferl. 2.jpg

B-C-klas
Dizze minsken hienen in omloop mear keatsen foar in priis. Yn de finale wûn it Raerder duo Arjen van der Ploeg en Sanne van Vilsteren yn in walk-over-partij.  Jacob Dotinga en Antsje Kievit, al in pear jier in fêst pearkekoppel, dienen it prima de hiele dei, mar yn de finale bleauwen se op de nul stean, 5-0 6-6.
De ferliezersfinale gie tusken it span Esmee Suierveld en Marije Jonker en it duo Gerben Wierda en Rianna Fopma (dêr is se wer, ien kear yn 't jier en in priis!). Gerben en Rianna wûn dat treffen op 5-2 6-2. 
 In lytse ploech, mei foaral priiswinners, bleau noch lang neisitten bûtendoar. Om it waar koe it prima!  

B-C-klas (14 partoeren)
1. Arjen van der Ploeg en Sanne van Vilsteren
2. Jacob Doitnga en Antsje Kievit
Ferliezersrûnte
1. Gerben Wierda en Rianna Fopma
2. Esmee Suierveld en Marije Jonker
B-C-klas 1.jpg
B-C-klas 2.jpg
B-C-klas 4 ferl. 1.jpg

 

B-C-klas 4 ferl. 2.jpg
 
Nieuws

Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint

zondag 31 mei 2026
...
Lees meer...

Wat in prizen op de Oprommerspartij! - se komme miskien wol noait op

woensdag 27 mei 2026
...
Lees meer...

Prachtich moaie pearkekeatserij op Pinkstersneon

vrijdag 22 mei 2026
 Se...
Lees meer...