Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Sneon 22 augustus Johannes de Jagerpartij leden senioaren

Op 22 augustus 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 22 augustus Froulju 45+-partij 

Op 22 augustus 2026 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14 augustus hienen de ijsko's better op har plak west, it wie doe aardich hyt, sadat de kommisje besluten hie de IJsjespartij in wike út te stellen. It wie mear as 10 graden frisser en dat hindere neat.

Fjouwer kategoryen
By de Kabouters B  wie fan de seis bern ien útfaller en sadwaande bleauwen fiif bern oer en koe elk mar even fjouwer kear keatse. Elina Walstra wie hjir de grutte dame: se fage - figuerlik fansels - al de oare bern fan it fjild ôf, want se wûn alle har partijen, 28 punten dus. As goede 2de kaam Tiese de Groot út 'e bus mei 19 punten en Fenna Zijlstra waard mei 18 punten 3de. Menno Wiersma en Felien Walstra stienen dus mei lege hannen, mar in oare kear sil dat grif goed komme. 
De Kabouters A  keatsten yn twatallen. De fjouwer bern spile alle kearen mei in oare maat. Jesper Abma wie hjir de grutte man mei trije winstpartijen, de folle mep en dus 21 punten. Tessa Wiersma bleau mei 16 punten de oare bern, Doutzen Mud en Liset Teernstra, krekt foar.
Dan krije wy de Welpen mei in moaie list dan sân twatallen. Der koe in normale list spile, mei in winners- en ferliezersrûnte. It sterkste partoer foarmen yn de finae Ronja Teernstra en Janna Abma. Sy wûnen yn de finale op 5-2 6-6 fan Baukje Huitema en Fenna Mud.
De 1ste  priis yn 'e ferliezersrûnte wie foar Jesse van der Zwan en Ella Bijma. Sy wûnen yn de finale fan Sjoerd Zijlstra en Silte Walstra. 
De Pupillen hienen in wat meagere besetting fan 4 jongelju. Se waarden trije kear troch elkoar lotte. Wiebe Huitema sprong der finaal út mei trije kear winst:  21 punten dus. 
De 2de priis wie wol even in dinkje!! Jurjen Hiemstra moast dus even oan 't rekkenjen, mar hy kaam derút! Tieme Holtrop en Thymen Krikke hienen beide 13 punten mei ek 13 tsjinearsten. Hoe betinke jo it. En dan sjochst nei de ûnderlinge partijen. Se hienen twa kear tsjin elkoar spile. En wat wie it gefal? Beide jonges hienen in kear wûn en in kear ferlern en dat wie beide kearen 5-1. En dan sjochst nei de punten yn de lêste earsten.  Ja, en dat pakte foar Tieme Holtrop geunstiger út: mar 2 punten ferskil!! Foar him wie de 2de priis dus.

Alle útslaggen
Kabouters B
1. Elina Walstra  2. Ties de Groot  3. Fenna Zijlstra
1 Eilna Walstra.jpg
2 Ties de Groot.jpg
1 2 3 Elina Ties Fenna.jpg
3 Fenna Zijlstra.jpg





































Kabouters A
1. Jesper Abma  2. Tessa Wiersma
1 em 2 Jesper en Tessa.jpg
Welpen
1. Ronja Teernstra en Janna Abma  2. Baukje Huitema en Fenna Mud
Ferliezersrûnte
1. Jesse van der Zwan en Ella Bijma

Welpen.jpg
Pupillen
1. Wiebe Huitema  2. Tieme Holtrop
1 en 2 Wiebe en Tieme.jpg
Nieuws

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...

Moaie KNKB-keatserij mei famkes frije formaasje

zondag 16 augustus 2026
Der dienen...
Lees meer...

15 partoeren KNKB skoalfamkes mei spannend keatsen 

zondag 16 augustus 2026
Der die...
Lees meer...