En dit binne de priiswinnende thúsbliuwers fan de Thúsbliuwerspartij
vrijdag 17 juli 2026
Wat dogge jo as de measte bern op fakânsje binne en mar 15 bern wolle keatse? Keatse fansels en sa barde it op de jierlikse Thúsbliuwerspartij.
De kabouters keatsten trije kear mei in oare maat. Winst levert dan 7 punten op en fierder it oantal earsten datst krijst. Liset Teernstra sprong derút mei trije kear winst, 21 punten dus. In moai 2de plak wie foar Fenna Zijlstra mei twa kear winst en ien ferliespartij, 16 punten. Treds wie - sy hat hiel faak in priis! - Doutzen Mud mei 15 punten.
De welpen dienen mei fjouwer partoeren oan pûlkeatsen. It wie spannend, want net ien partoer wûn alle trije partijen. Winners waarden Baukje Huitema en Sjoerd Zijlstra mei 19 punten. Yn de twadde omloop ferlearen se op 5-5 6-6 fan Jelke Holtrop en Janna Abma. De lêste foelen lykwols krekt bûten de prizen. De 2de priis wie foar Ronja Teernstra en Silte Walstra mei 17 punten.
En sjoch hoe bliid se binne mei de prizen.
Kabouters (7 bern)
1. Liset Teernstra - 2. Fenna Zijlstra - 3. Doutzen Mud




Welpen (8 twatallen)
1. Baukje Huitema en Sjoerd Zijlstra
2. Ronja Teernstra en Silte Walstra



Nieuws
Mei de Nachthapkespartij is it fjildseizoen fan ús club oer! Partoer Sytze Jan de Vries wint
zaterdag 12 september 2026
It...
Lees meer...
Wol of net ferklaaid: in bytsje buiïge en slagge De JagerTimmerwerkenpartij
zaterdag 22 augustus 2026
It...
Lees meer...





