Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Snein 28 juny KNKB froulju 1ste klas fr.f.

Op 28 juni 2026 om 10:00 uur
locatie:

Freed 3 july Oranjefeestpartij Gau 

Op 3 juli 2026 om 09:00 uur
locatie: Gau

Freed 19 july Thúsbliuwerspartij leden jeugd

Op 19 juli 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

EDB Bouwpartij: sinne en wille kin folle tille

zondag 21 juni 2026
griene fyts.jpg

Troch de noardlike winen wie de grutte waarmte ferdreaun. De sinne striele wol gewoan troch, út en troch ôfskerme troch wat wolken. Koartsein; ideaal keatswaar, al wie de wyn wol stevich en hienen guon spilers it dreech om ballen fier yn ‘t perk te bringen.

Jouke Dotinga iepene de keatssnein mei in lytse preek en frege yn ‘t foar al in applaus foar de sponsor fan de partij: EDB Bouw te Gau. Foarich jier die Egbert de Bruin noch mei en op dizze dei hie hy oare dingen.

Der wie in moaie list mei 13 partoeren, gjin AB- en BC-klas dit kear. De echte A-keatsers wienen moai ferdield oer de partoeren en fierder wie it ek wol aardich ferdield. Op in bepaald momint bepale dochs de bierdoppen mei sifers de posysjes op ‘e list.

 

Earste omloop

Der earste omloop joech in pear iensidige partijen te sjen, op papier dan, want wy witte net hoefolle earsten op 6-6 beslist waarden. Ien klapper wie der: de partij fan Jelmer de Jong, Esmee Suierveld en Anna Batteram tsjin Egbert Heins, Kristia Dotinga en Mirthe Boersma. Alles kaam oan‘e hang, mei winst foar De Jong c.s. Beide partoeren soenen yn de einstriid komme.

 

Twadde omloop

Marcel de Groot, Sanne van Vilsteren en Arjen van der Ploeg fochten har nei in fikse achterstân tsjin Ruurd Jan Leenstra, Herre Cnossen en Jelmer Molenaar knap werom nei 5-5. En se wûnen de partij.

 

Heale finales

Marcel, Sanne en Arjen koenen it tsjin Jelmer Foppe Drijfhout, Wytse Symen Boschma en Germ Bergstra nei rêde. Op 5-2 6-6 wie it dien en stienen Drijfhout c.s. yn de finale tsjin Jelmer, Esmee en Anna.

 

Finales

En der moast om keatst wurde. Jelmer, Esmee en Anna moasten flink oan ‘e bak tsjin de sterke Jelmer Foppe, Wytse Symen en de aardich âlde, mar topfitte Germ. Op 5-3 6-4 wie de winst binnen foar Drijfhout c.s.

Deselde útslach – 5-3 6-6 - hie de finale fan de ferliezersrûnte en it barde suver op itselde momint: syngroonkeatsen neame se dat. Egbert Heins, Kristia Dotinga en Mirthe Boersma wûnen fan Jouke Dotinga, Peter Bootsma en Rixt Oosterhaven.      

Lang om let waarden de prizen útrikt en wie der in ein kommen oan in moaie keatssnein.


En dit noch even.... 

Tusken de piknikbanken stie de hiele dei in heimsinnige grienferve fyts..... 

 

De útslaggen

1.  Jelmer Foppe Drijfhout, Wytse Symen Boschma en Germ Bergstra 

2.  Jelmer de Jong, Esmee Suierveld en Anna Batteram

3.  Jelke Hindrik de Vries, Folkert Yde Kievit en Rijkel Dotinga

3.  Marcel de Groot, Sanne van Vilsteren en Arjen van der Ploeg


1 1ste priis.jpg
2 2de priis.jpg
3 3de prizen.jpg
 Ferliezersrûnte

1.  Egbert Heins, Kristia Dotinga en Mirthe Boersma

2.  Jouke Dotinga, Peter Bootsma en Rixt Oosterhaven

4 1ste priis ferl..jpg
5 2de prris ferl..jpg


Nieuws

EDB Bouwpartij: sinne en wille kin folle tille

zondag 21 juni 2026
...
Lees meer...

Liset Teernstra wie it moaist ferklaaid én se hie de krâns om 'e nekke

vrijdag 19 juni 2026
It...
Lees meer...

Folsgeare, Skearnegoutum, Easterein en Wytmarsum federaasjekampioenen 2026

vrijdag 5 juni 2026
Dit...
Lees meer...