Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 23 maart 2025 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Fakânsjepartij: Herre Winia syn earste krâns!
vrijdag 23 augustus 2024
It is noch echt fakânsjetiid en dat wie te merken oan de opkomst: 18 bern hienen har opjûn foar dizze Fakânsjepartij, in minimum-rekôrd! Der is noch ien ledepartij te gean, it Nachtkeatsen op 14 septimber. Dan binne der grif mear, want wa wol nét yn it tsjuster keatse?!
Kabouters
Foar Herre Winia wie it in moaie dei, want dit kear wie it net sus Nyncke dy't de krâns wûn, mar Herre dus! Jesse van der Zwan en Herre Winia hienen de earste partij wûn, mar de twadde partij ferlearen se fan de grutte kokurrinten Age Bakker en Femme Jongsma op 5-5 6-6. Mar Age en Femme hienen de earste partij ferlern, ek op 5-5 6-6, fan Digna van Dijken en Nyncke Winia. Tsjonge, jonge!
Oan it lêst ta bleau it spannend, want nei twa partijen wie der noch fan alles mooglik. Digna van Dijken en Nyncke Winia hienen de bêste papieren want sy hienen twa kear wûn, 14 punten! En Jesse en Herre en Age en Femme hienen 12 punten.
It waard in spannende lêste omloop. Jesse en Herre móasten winne fan Digna en Nyncke en díenen dat ek, 5-4 6-2. En Age en Femme moasten ek winne en dienen dat ék, fan Suze Bokma en Fenna Mud, ek op 5-4 6-2.
Suze en Fenna hienen it dreech dizze dei.
Jesse van der Zwan en Herre Winia hienen 19 punten helle en hienen Age Bakker en Femme Jongsma ek. It gie dus om de tsjinearsten en dat wienen foar Jesse en Herre 12 en foar Age en Femme 15. En dan te betinken dat Age en Femme fan Jesse en Herre wûn hienen! Mar ja, sa wurket it: earst wurdt sjoen nei de tsjinearsten en dan nei de ûnderlinge partij. Digna en Nyncke kamen krekt 1 punt te koart mei 18 punten.
Kabouters (4 partoeren)
1. Jesse van der Zwan en Herre Winia
2. Age Bakker en Femme Jongsma
Welpen
Der wienen 'mar' 4 welpen, moai ferdield oer famkes en jonges. Se sieten trije kear by in oare maat, trije kear keatse dus. Hjir bleau it ek oan 'e ein ta spannend. Nei twa partijen stie Minke Nijland der it bêste foar mei 14 punten. En dy posysje koe se fêst hâlde. Mei har maat Wout de Groot ferlear se wol (5-5 6-2) fan Thymen Krikke en Dycke Bokma, mar se helle krekt genôch punten (19). Har twadde krâns dus. Dycke kaam hjirtroch op it 2de plak.
Welpen (4 bern)
1. Minke Nijland 2. Dycke Bokma
Pupillen
Hjir wienen trije twatallen en Esther Lootsma en Patrick Feenstra wûnen krekt as mei de Thúsbliuwerspartij krâns! Se wûnen beide partijen mei grutte ferskillen (5-2 en 5-0). De 2de priis wie foar Femke van der Zwan en Ravi de Vries. Sy wûnen op 5-4 6-0 fan Jitse Bakker en Mare van der Goot en bleauwen sa Jitse en Mare krekt 1 punt foar. Mar der wie mar ien priis, dus.....
Pupillen (3 partoeren)
1. Esther Lootsma en Patrick Feenstra
Nieuws
Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai
zondag 24 november 2024
...
Lees meer...