Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

DLG-on-tour: prachtich pearkekeatsen yn in sinnich Tersoal!

zaterdag 6 mei 2023

Alle priiswinners.jpg










Tersoal 6 maaie 2023. Tsjonge jonge, wat in drokte op it sportfjild fan Tersoal. Spitich genôch dienen net folle pearkes út Tersoal mei, mar jo kinne net alles hawwe. Yn 2022 wienen der yn Gau 30 stellen, dit kear 26.
It waar – dêr wie it alwer! – wie bysûnder goed, lekker mei in protte sinne. Der koe wer flink smard wurde mei faktor x (dêr ha ik gjin ferstân fan)
Yn de A-klas wûn it manlike stel: Feiko (Feikolientje) Scheepvaart en Egbert Heins. It sekseferskil is oait in kear oer board goaid, wat dat oangiet rinne wy it ynternasjonaal fier foar de troepen út!
Fierder is it is ek al jierren regel dat je foar ien dei in ‘ûnregistrearre partnerskip’ oangean meie. Mar it oantal ‘echte pearkes’ foel dit jier wol bot op!
Feiko en Egbert wûnen op 5-3 6-2 fan it echte pear Maaike Faber en Jelmer de Jong. Om de 3de priis spilen sus en broer Moniek en Jochem Lootsma tsjin Sanne de Jong en Marco Lobregt. Moniek en Jochem wûnen op 5-3 6-4.
Yn de B-klas wûn it âldste stel -  in stel foar ien dei: Antsje Kievit en Jacob Dotinga, en sjoch dat is dan ek wer moai. Yn in spannende finale wûnen se fan Renske Zijlstra en Jeen Brinksma, 5-5 6-2. De 3de priis wie foar Rianna Fopma en Albertsym Fekken. Se ferlearen mar krekt fan Renske en Jeen, 5-4 6-4. 
De ferliezersfinale wie in proai foar Sigrid van der Meer en Evert Sijbesma. Se wûnen fan Mirjam Punter en Klaas Fokke Plantinga yn de iennichste ‘alle oan ‘e hang’-partij fan de dei, 5-5 6-6! 
Frieda yn 't sintsje.jpg






















Bedankje foar Frieda Bruinsma
Op dizze middei waard op in passende manier – yn eigen doarp – ôfskied naam fan Frieda Bruinsma as lid fan de sponsorkommisje. Jierrenlang hat sy dêrfoar yn ‘t spier west. Ut hannen fan foarsitter Jouke Dotinga naam sy in pakket met lekkers yn ûntfangst ( foto: is dat allegearre foar my?









De útslaggen
A-klas ( 8 stelle n )
1. Feikolientje Scheepvaart en Egbert Heins
2. Maaike Faber en Jelmer de Jong
3. Moniek Lootsma en Jochem Lootsma 
A 1.jpg
A 2.jpg
A 3.jpg























































B-klas ( 18 stellen )
1. Antsje Kievit en Jacob Dotinga
2. Renske Zijlstra en Jeen Brinksma
3. Rianna Fopma en Albertsym Fekken
Ferliezersrûnte
1. Sigrid van der Meer en Evert Sijbesma
2. Mirjam Punter en Klaas Fokke Plantinga
B 1.jpg
B 2.jpg

B 3.jpg
B ferl 1.jpg
B ferl 2.jpg






Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...