Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Woansdei 4 juny Kampioenskip Gemeente Súdwest-Fryslân foar basisskoallen
Op 4 juni 2025 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 15 juny KNKB froulju fr.f.
Op 15 juni 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 6 july Jonge Hab Partij
Op 6 juli 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
DLG-on-tour: Pearkekeatsen fan Poppenwier nei Goaiïngea
zaterdag 25 mei 2024

Mei 24 pearen is de Pearkekeatserij wer prima slagge. It soe earst yn Poppenwier, mar dat koe net en dus gie it hiele sirkus gewoan nei Goaiïngea. Tusken swiere buien en prachtige loften troch koe it hiele toernoai dochs moai ôfwurke wurde.
A-B-klas

Hjir wienen 8 partoeren yndield. Maaike Faber en Jelmer de Jong wienen hjir de sterkste formaasje. Maureen Stok en Johan Cnossen ferlearen yn de finalepartij fan dit goed slutende stel, 5-4 6-2.


Petra Fekken (letter foel Siebrigje Nynke Boschma foar har yn) en Jouke Dotinga en wienen yn de ferliezersfinale te sterk foar Norah ten Brink en Sytze Jan de Vries, 5-4 6-2.
De útslach
1e priis: Maaike Faber en Jelmer de Jong
1e priis ferl. Petra Fekken (en Siebrigje Nynke Boschma) en Jouke Dotinga
2e priis ferl. Norah ten Brink en Sytze Jan de Vries
B-C-klas
Mei 16 partoeren wie dizze klas prima beset. In spannende finale fûn plak tusken it duo Antsje Kievit en Jacob Dotinga en it sterke stel Kim van der Meulen en Klaas Fokke Plantinga. Antsje en Jacob aktearden de hiele hiel knap tusken it jeugdige 'geweld'. Mar yn de finale kamen se te gau in ein achter. De hellen it wer op, mar op de stân 4-2 6-6 foel in beslissende klap, 5-2. Beslissend, sa like it earst, Antsje en Jacob fochten har werom en yn in sucht stiet it 5-4. Mar dat hie blykber tefolle west foar, want dêrnei makken Kim en Klaas Fokke it fakkundich ôf, 5-4 6-2
Yn de finale fan de ferliezersrûnte wûnen Rianna Fopma en Albertsym Fekken yn in tige spannende partij fan Anne Sjoukje Leenstra en Arjen van der Ploeg, 5-5 6-4.
De útslach
1e priis: Kim van der Meulen en Klaas Fokke Plantinga
2e priis: Antsje Kievit en Jacob Dotinga
1e priis ferl. Rianna Fopma en Albertsym Fekken
2e priis ferl. Anne Sjoukje Leenstra en Arjen van der Ploeg






Nieuws
Duo's Evert-Berber en Arjen-Sanne winne moai Pearkekeatsen yn Goaiïngea
zaterdag 31 mei 2025
...
Lees meer...
Boalsert wint famkes ôfdieling, 3de priis foar Brecht Renema mei Balk
zondag 18 mei 2025
...
Lees meer...



