Sneon 2 maaie KNKB Kompetysje junioren manlju t.i.l.
Sneon 2 maaie KNKB Kompetysje junioaren froulju t.i.l.
Tongersdei 14 maaie Âlder-bernpartij leden jeugd
De kop is derôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij - jeugd

Goaiïngea, Keningsdei 2026. It is altyd in hiele mûle fol, de namme fan dizze partij, mar wy hawwe leard dêrmei te libjen! Wy kinne bliid wêze mei sokke trouwe sponsors. It wie in frisse dei, in graad as 10-12, mei in wat kâlde noardlike wyn. De dei kaam ien dei te gau, want as ik dit skriuw, in dei letter, is it waar in stik geunstiger. Mar wat ha ik te seuren.
De jongerein sette om 9 oere al út ein ûnder lieding fan in jeugdkommisje, dyt’ it foar it earst sûnder Marco van der Goot rêde moast. En dat slagge poerbêst. It wie goed dat se yn 4 groepen keatsten, ûndanks it soms lytse oantal per kategory, want dan kin elk op har of syn eigen nivo keatse mei en tsjin leeftiidsgenoaten.

Kabouters

Entûsjast pyblyk: jo wolle graach de bern fan tichtby oanmoedigje. Mar miskien kinne de bank en telegraaf in oare kear bûten it spylfjild pleatst wurde.
Sa hienen de kabouters mar (ja, echt ‘mar’) 3 dielnimmers en dy hienen fansels in prachtich toernoai mei-elkoar: ien tsjin ien. Dat dienen Liset Teernstra, Jesper Abma en Doutzen Mud dus. En se hienen in protte belangstelling fan âlders en pake’s en beppe’s stienen of sieten der op kop en earen by om mar neat te missen. Ja, jo kinne genietsje fan de ynset fan de bern. Én, se mochten in echte kompetysje spylje, twa kear tsjin elkoar dus. En dat waard spannend. Yn in nek-oan-nek-race foel de beslissing yn de twadde searje: Jesper tsjin Liset. Jesper hie wat rjocht te setten nei ferlies yn de 1ste searje fan Liset (5-2 6-6) en die dat mei oermacht: 5-0 6-2. It slagge Liset net om it tij te kearen. Doutzen Mud waard lêste yn dit ‘geweld’.
1. Jesper Abma – 23 punten
2. Liset Teernstra – 21 punten

Welpen
Hjir wienen 9 dielnimmers, ferdield oer fjouwer partoeren. Nei twa winstpartijen stienen Ronja Teernstra, Nyncke Winia en Ella Bijma op 14 punten en dat wie ek sa foar Amerins Kiestra en Baukje Huitema. It waard in o sa spannende partij, dy’t pas op 5-5 6-4 beslist waard yn it foardiel fan Ronja en har maten.
1. Ronja Teernstra, Nyncke Winia en Ella Bijma
2. Amerins Kiestra en Baukje Huitema

Pupillen
4 dielnimmers wienen hjir en waarden trije kear troch elkoar lotte. Grutte man wie Thymen Krikke. It makke net mei wa’t hy keatste of tsjin wa, syn partoer wûn alle partijen: 21 punten dus foar Thymen.
Twa persoanen kamen út op 10 punten: Feija en Jildert Bakker en se hienen beide ek noch in kear 12 tsjinearsten. En se hienen beide ek noch in kear fan elkoar wûn. De punten yn it lêste earst brochten útkomst: 4 punten foar Feija en 0 punten foar Jildert. Ja, jo binne net foar neat in twilling. In oare kear kin it wer krekt oarsom wêze.
1. Thymen Krikke – 21 punten
2. Feija Bakker – 10 punten

Skoaljeugd
Hjir wienen trije komplete twatallen. Dus in heale kompetysje mei 1 priis. Yn de earste
omloop wûnen Esther Lootsma en Mare van der Goot op 5-1 6-4 fan Wiebe Huitema en Eelco Kiestra. Yn de twadde omloop ferlearen Wiebe en Eelco yn in spannende pot krekt fan Jitse Bakker en Jesper Boersma: 5-4 6-2.
De ‘finale’ gie dus tusken it twatal Esther en Mare en it twatal Jitse en Jesper. De meisjes tegen de jongens, dus. Jitse naam it foartouw en stie trije earsten oan ‘e opslach: 3-0 foar troch syn geweldige opslach mei in protte fariaasje. En it waard ek noch 4-0. Koenen de froulju it tij noch keare? Jaseker, wol wat. De dames herstelden har en pakten in earst en noch ien. Mar by einbeslút, doe’t Jitse en Jesper it fyfde earst pakt hienen, wie de winst foar de beide mannen fertsjinne op 5-3 6-6.
1. Jitse Bakker en Jesper Boersma – 14 punten

De kop is derôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij - jeugd
De kop is der ek ôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij - senioaren





