Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Snein 11 maaie KNKB manlju 50+ AB t.i.l.

Op 11 mei 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 18 maaie KNKB famkes ôfd. + ferl. afd.

Op 18 mei 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 18 maaie KNKB skoalfamkes AB t.i.l.

Op 18 mei 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

De kop is der wer ôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

zaterdag 26 april 2025
Jouke en Johannes 1.jpg
Alle priiswinners.jpg

Moaie winst foar Wietse Punter en syn froulju

Neidat by de bern de lêste slaggen slein wienen, koenen de grutten nei 13.00 oere los op it moaie fjild fan Goaiïngea. In strieljende sinne hold ús in waarm, want de kalme noardewyn makke it kâld. Allinnich sponsor Johannes Douma socht letter op ‘e middei in plakje op ien fan de banken by de kantine. De oare helte fan it sponsorduo, Willem Twijnstra, wie der net by dizze dei.  Mei in koarte taspraak iepene foarsitter Jouke Dotinga it nije seizoen offisjeel.

Ja, en doe koe it los gean mei 4 fjouwer partoeren A-B-klas en 12 partoeren B-C-klas. En wy moatte dêr by fertelle dat de 36 B-klassers foar 61,11% út froulju bestie. Wy kinne net alles melde fan de partijen, want wy hawwe net alles sjoen.


B-C-klas: stevige partijen om ‘e prizen

Yn de earste omloop wie ien klapper, de partij tusken it trio Aaltsje Kroes, Imme Klaas Kievit en Mechiel Rietveld tsjin Folkert Yde Kievit, Garina Algra en Marit de Jong, in striid tusken de broerkes dus. De âldste, Folkert Yde, wûn dit famylje treffen op 5-5 6-4. Pas doe’t alle partijen út wienen rûn it fjild wer fol mei minsken foar de 2de omloop.

En dêr folge fuort-en-daliks wer in klapper. Wietse Punter, Esmee Suierveld en Riemy Reitsma krigen it oan ‘e stok mei it seker ek net snotterige trio Rijkel Dotinga, Norah ten Brink en Rixt Oosterhaven. Pas op 5-5 6-2 pakten Punter c.s. de winst. Ek ferheftich wie de striid yn de ferliezersrûnte tusken Tara van der Meulen, Sjoerdtje Postma en Femke Veenstra (Raerd) tsjin it partoer Aaltsje Kores, Imme Klaas Kievit en Mechiel Rietveld. It waard dêr ek 5-5 6-2 en doe stienen Kroes c.s. nei twa drege potten mei lege hannen.


Ja, en Wietse, Esmee Suierveld en Riemy moasten wér oan ‘e bak. No tsjin Maaike Faber, Jelmer Molenaar en Wytske Boschma. Ûndanks stevige tsjinstân koenen Faber c.s. dat krekt net rêde, 5-4 6-2. Itselde jild úteinlik yn de finale foar Martsen van der Goot, Siebrigje Nynke Boschma en Doutzen Molenaar, dy’t nei in híel lang steand nûmer wer oan ‘e bak moasten. Se besochten it, mar sneuvelen op ek op 5-4 6-2. It wie in fertsjinne deipriis foar Wietse, Esmee en Germ, in slutend partoer wêrfan’t elk syn plakje mear as skjin hold de hiele middei.


Yn de ferliezersfinale gie de striid tusken Berber van der Goot, Jorrit de Jong en Antsje Marije Boschma tsjin it partoer Marije Jonker, Arjan Mutsaers en Germ Bergstra (hy is yn syn 80ste jier!). In walk-over waard it: Marije , Arjan en Germ wûnen op 5-0 6-6! 


A-B-klas: oan ‘e ein ta bleau it spannend

It fêste ploechje fan 4 partoeren wie hjir dwaande en de partoeren holden elkoar aardich yn ‘t lykwicht. De bêste papieren hienen nei twa winstpartijen Jelmer Drijfhout, Johan Cnossen (frijeformaasjematen op de KNKB 2de klas dit jier!) en Marcel de Groot. De lêste fungearre as opslagger en die dat prima. Se hienen oan trije earsten genôch yn de lêste omloop, pakten dy en makken har doe net mear drok tsjin Marco Lobregt, Jelmer de Jong en Jan Feenstra, 4-5 4-6. De 2de priis gie nei Jouke Dotinga, Wybren Jorritsma en Feike Scheepvaart, dy’t nei ferlies yn de easte omloop tsjin Drijfhout c.s. Op tsjinearsten kamen Dotinga c.s. krekt boppe Lobregt c.s. te stean, 10 om 15. Dizze mannen koenen har foarlopich deljaan en genietsje fan it moaie spul yn de B-C-klas!   


Dit binne de útslaggen

A-klas (4 partoeren):

1.    Jelmer F. Drijfhout-Johan Cnossen-Marcel de Groot

2.    Jouke Dotinga-Wybren Jorritsma-Feiko Scheepvaart


A1.jpg
  
A2.jpg
 B-klas (12 partoeren)

1.    Wietse Punter-Esmee Suierveld-Riemy Reitsma

2.    Martsen van der Goot-Siebrigje Nynke Boschma-Doutzen Molenaar

3.    Maaike Faber-Jelmer Molenaar-Wytske Boschma

Ferliezersrûnte

1.    Marije Jonker-Arjan Mutsaers-Germ Bergstra

2.    Berber van der Goot-Jorrit de Jong-Antsje Marije Boschma


B1.jpg


B3.jpg
 
B2.jpg
B4 ferl. 1.jpg
B5 ferl. 2.jpg
 
Nieuws

De kop is der wer ôf mei de Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

zaterdag 26 april 2025
...
Lees meer...

De bern fan kf DLG moasten Keningsdei betiid oan 'e bak

zaterdag 26 april 2025
In lyts...
Lees meer...

Oprop: help mei de kantine simmerklear te meitsjen

dinsdag 11 maart 2025
...
Lees meer...