Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Sneon 22 augustus Johannes de Jagerpartij leden senioaren

Op 22 augustus 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 22 augustus Froulju 45+-partij 

Op 22 augustus 2026 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

De Johannes de Jager-Foute Ledepartij mei sterke winners

zondag 28 juli 2024
Sjoerd Dijkstra.jpg
In ferklaaierspartij, midden yn 'e simmer - it waar wie hjoed prachtich - en dan moatst dy net te dik ferklaaie. Nee, doch dan mar as Sjoerd Dijkstra yn syn flinterjurkje. En hy wûn de publykspriis dermei, mar der wienen mear leuke kréaasjes. Plysjes, boa's, lederhosen ensafh. 

Boerd.jpg
Sterk partoer Nesse
By de A-B's wienen Michel Nesse, Arjen Radix en Jan de Groot (hy hie wat in deegliker jurk oan as Sjoerd), krekt werom fan fakânsje en altyd goed om syn maten wat te coachen. Trije partijen spilen se en trije partijen wûnen se. De beslissende pot tsjin Timen van Gelderen, Jelmer de Jong en Wybren Jorritsma wûnen se op 5-0 6-4.

A-B 1.jpg






A-B 2.jpg


















Pracht finale yn de B-C-klas
En dy gie tusken it trio  Jorrit de Jong, Maureen Stok en Anouk Suierveld en it trijetal Maaike Faber, Esmee Suierveld en Petra Fekken. Twa sterke perken! En in striid tusken twa sussen. Anouk hat it keatsen wer wat oppakt en slacht noait in bal bûten, mar se binne wol wat moai en dêr profitearren Maaike en Anouk fan. Mei it oare perk gie it wat minder. En sa pakten Maaike, Esmee en Petra in 5-3 foarsprong. En dan útmeitsje fansels. Mar sa gie it net. Maureen kaam op slach foaryn en stadichoan kamen Jorrit, Maureen en Petra tichterby. It wurdt 5-5 en dan kin alles wer, soest sizze. Mar de lech wie derút by Maaike en har maten. Op 5-5 6-2 wie it dien.

De ferliezersfinale waard wûn troch Arjan Mutsaers, Corné Langenberg en Antsje Kievit. Johannes de Jager - samar ynienen SPONSOR fan dizze partij -, Imme Klaas Kievit en Rixt Velstra hienen gjin antwurd, 5-2 6-6. 
B-C 1.jpg








B-C 2.jpg









B-C ferl. 1.jpg








B-C ferl. 2.jpg











De útslaggen
A-B-klas (4 partoeren)
1. Michel Nesse, Arjen Radix en Jan de Groot
2. Timen van Gelderen, Jelmer de Jong en Wybren Jorritsma

B-C-klas (10 partoeren)
1. Jorrit de Jong, Maureen Stok en Anouk Suierveld
2. Maaike Faber, Esmee Suierveld en Petra Fekken
Ferliezersrûnte
1. Arjan Mutsaers, Corné Langeberg en Antsje Kievit
2. Johannes de Jager, Imme Klaas Kievit en Rixt Velstra
Alle priiswinners.jpg
 
Nieuws

En in wike letter wie de IJsjespartij wól!

vrijdag 21 augustus 2026
Op 14...
Lees meer...

Moaie KNKB-keatserij mei famkes frije formaasje

zondag 16 augustus 2026
Der dienen...
Lees meer...

15 partoeren KNKB skoalfamkes mei spannend keatsen 

zondag 16 augustus 2026
Der die...
Lees meer...