Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Snein 21 juny EDB Bouwpartij leden senioaren

Op 21 juni 2026 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 28 juny KNKB froulju 1ste klas fr.f.

Op 28 juni 2026 om 10:00 uur
locatie:

Freed 3 july Oranjefeestpartij Gau 

Op 3 juli 2026 om 09:00 uur
locatie: Gau

De bern fan kf DLG moasten Keningsdei betiid oan 'e bak

zaterdag 26 april 2025

In lyts mar entûsjaste ploech fan 20 bern stie om 9 oere al klear foar harren Himmel & skjin-Johannes Doumapartij. As it dien wie, koenen se mei de âlders, of allinnich, noch even nei Snits foar wat Keningsdei-aktiviteiten.

Ferdield oer trije klassen, kabouter, welpen en pupillen, makken se der wer in moaie striid fan, mei bliidskip nei winst en mei soms wat fertriet nei ferlies. Ûndanks de net al te folle partoeren, foelen de lêste slaggen dochs noch dik nei 13.00 oere.

 

Kabouters

8 kabouters gienen de striid oan yn in pûltsje fan 4 partoeren. De lêste partij yn de pûl moast de beslissing bringe. Remon Wiersma en Nyncke Winia hienen twa partijen wûn en Baukje Huitema en Tessa Wiersma ek. It waard dus in broer-sus-striid. En dy wie spannend! Pas op 5-4 6-0 foel de lêste slach yn ‘t foardiel dan Remon en Nyncke.

 

Welpen

Hjir wienen 5 twatallen. Neidat elk partoer twa partijen spile hie, gie de finale tusken it duo Roel Homan en Digna van Dijken tsjin it duo Jildert Bakker en Berber Stiensma. Oan it begjin fan ‘e moarn hienen se elkoar al troffen en doe hienen Roel en Digna wûn op 5-2 6-2. Yn ‘e finale waard it gelokkich folle spannender. Jildert en Berber dienen der alles oan, mar ferlearen wér, mar no pas op 5-4 6-6!

 

Pupillen

In lytse pûl fan 3 partoeren striden hjir om ‘e krânsen. It famkes-duo Esther Lootsma en Mare van der Goot hienen it yn  de earste omloop dreech tsjin Wiebe Huitema en Patrick Feenstra – winst op 5-5 6-0 – , mar dêrnei it paad nei de krânsen ta iepen. Yn de lêste en beslissende partij fan de moarn, tsjin Jitse Bakker en Eelco Kiestra, wûnen se op 5-2 6-6.

 

Dit binne de útslaggen

Kabouters

(4 partoeren):

1.    Remon Wiersma en Nyncke Winia

2.    Baukje Huitema en Tessa Wiersma

  

Kabouters 1-2.jpg

 

Welpen (5 partoeren)

1. Roel Hofman en Digna van Dijken 

2. Jildert Bakker en Berber Stiensma


Welpen 1-2.jpg
 Pupillen (3 partoeren)

1.    Esther Lootsma en Mare van der Goot

Pupillen 1.jpg
 
Nieuws

Liset Teernstra wie it moaist ferklaaid én se hie de krâns om 'e nekke

vrijdag 19 juni 2026
It wie...
Lees meer...

Folsgeare, Skearnegoutum, Easterein en Wytmarsum federaasjekampioenen 2026

vrijdag 5 juni 2026
Dit...
Lees meer...

Âlde Hap Partij brocht brodzich waar en swier keatsen: Frjentsjer wint

zondag 31 mei 2026
...
Lees meer...