Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Woansdei 4 juny Kampioenskip Súdwest-Fryslân foar basisskoallen

Op 4 juni 2025 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 15 juny KNKB froulju fr.f.

Op 15 juni 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Snein 6 july Jonge Hab Partij

Op 6 juli 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Boalsert wint famkes ôfdieling, 3de priis foar Brecht Renema mei Balk

zondag 18 mei 2025
Goaiïngea. Wat in waar en wat in moaie list mei 20 ôfdielingspartoeren. Wy hawwe begrepen dat de opstap-wedstriden fan 'e baan binne. Yndividuele keatsers en keatsers meie har ek opjaan by ôfdielingspartijen en dan wurde dêr in soarte fan ôfdielingspartoeren fan makke ûnder de flagge fan de KNKB. Ek is der folle mear soepelheid kommen yn it oanpassen fan de wedstriidlist. Ôfsizzers kinne oanfuld wurde mei reserves, sadat bylotsjen sa faak net mear foar hoecht te kommen. Byferskynsel is wol dat net elk de meast aktuële wedstriidlist hat. En om alles goed op de KNKB-site te krijen mei de goede nammen is wol in dinkje. Bernesyktes sille wy mar sizze. Genôch seurd.

Goaiïngea sneu derôf yn de twadde omloop tsjin Nijewier
Sneu wie it foar de twa famkes fan Nijewier, Michelle Sijtsma en Marije Keegstra, dat se in 5-2 foarsprong ferdwinen seagen tsjin Jetske Zijlstra en Martsen van der Goot (Minke Lys Leenstra stie wol op 'e list, mar die net mei).  Jetske en Martsen herstelden har en krûpten earst nei earst tichterby. Én se kamen 6-2 foar. In jammerlike slach fan Martsen om in lytse keats foarby te slaan (altyd slaan mei sa'n lytse keats!) en de winst binnen te heljen makke 
6-4.  En dan witte jo hast, it wurdt 6-6 en doe wie de winst dochs noch foar Nijewier. Nijewier ferlear yn de tredde omloop fan it sterke Balk mei Brecht Renema, 5-0 6-4. Goaiïngea hie yn de earste omloop wûn fan Dronryp 2 op 5-3 6-0.

Nei in dikke winst, grou ferlies foar Balk
Âld-Meiers-winnner Balk mei Maren de Vries, Brecht Renema en Hendrika Stegenga waard op de fjirde list kompleet oprôle troch it sterke Sint Anne mei Aisha Mahmoed, Sophie Kroondijk en Noëlle Hiddinga, 5-0 6-4. De finale dus foar de Biltske froulju. 
De oare finalist, Boalsert, wie op de tredde list tsjin Wytmarsum troch it each fan de nuddel gien. Nei in 5-2 achterstân waard it 5-5 6-6 en wûn Boalsert! It wie de partij om de preemje of neat. Yn de finale wachte Sint Anne, swier favoryt mei de twa sterke froulju Sophie Kroondijk en Noëlle Hiddinga. Mar der ferrassing wie grut. De Boalserter pakten út, it rûn as it spoar en fan de Sint Annebuerster froulju kamen net mear yn harren spul: 5-0 6-2.

Ferliezersfinale winst foar Âldebiltsyl 
Frouwkje Dijkstra, Rikst Grijpstra en Emma Porte wûnen op 5-2 6-6 fan it gelegenheidsduo Brecht Grovenstein (Winsum) en Elske Kroondijk (Wytmarsum).

De útslach
1. Boalsert (Tessa Westra-Minke Tjalsma-Fenna Cuperus)

2. Sint Anne (Aisha Mahmoud-Sophie Kroondijk-Noëlle Hiddinga)

3. Balk (Maren de Vries-Brecht Renema-Hendrika Stegenga)


Ferliezersrûnte

1. Âldebiltsyl (Frouwkje Dijkstra-Rikst Grijpstra-Emma Porte)

2. KNKB-partoer (Brecht Grovenstein-Elske Kroondijk)

4 Ferl. 1 Aldebiltsyl.jpg
 
5 Ferl. 2 KNKB.jpg
 
Nieuws

Boalsert wint famkes ôfdieling, 3de priis foar Brecht Renema mei Balk

zondag 18 mei 2025
...
Lees meer...

Moaie 3de priis Esther Lootsma by de KNKB-skoalfamkes

zondag 18 mei 2025
...
Lees meer...

Trije kear is skippersrjocht foar Keimpe op Âlde Happartij!

zondag 11 mei 2025
...
Lees meer...