Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Woansdei 4 juny Kampioenskip Gemeente Súdwest-Fryslân foar basisskoallen
Op 4 juni 2025 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 15 juny KNKB froulju fr.f.
Op 15 juni 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
Snein 6 july Jonge Hab Partij
Op 6 juli 2025 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea
Bern-âlderkeatsen, it wie wer âlderwetsk!
donderdag 29 mei 2025
De tradysje is âld, it Alder-bernkeatsen op Himelfeartsdei. De edysje 2025 sit der wer op en as ik it sa besjoch wie de opkomst super goed. Foaral by de kabouters, 15 fan de 16 dienen mei! Sjoch hjirûnder de kabouters yn aksje.
KABOUTERS

15 kabouters hienen alles út 'e kast helle, heiten en memmen, omkes en tantes om mar sa goed mooglik út 'e bus te kommen. By Baukje Huitema pakte it hiel goed út: mei Aaltsje Kroes wûn sy de krâns troch op 5-2 6-0 te winnen fan Fenna Mud en Esther Cuperus. Twa moaie 3e prizen wienen foar de bewenners fan it Tsjemlân yn Gau, Wytse Broekhuis en Nyncke Winia. Beide keatsten se mei de heit, resp. Robin en Pieter. Yn de ferliezersfinale gie de winst nei Age Bakker en omke Pieter Paulusma troch winst op Herre Winia en Johan Cnossen, 5-3 6-6.
Kabouters (15 partoeren)
1. Baukje Huitema en Aaltsje Kroes 2. Fenna Mud en Esther Cuperus 3. Wytse Broekhuis en Robin Broekhuis en
Nyncke Winia en Pieter Winia; ferliezersrûnte: 1. Age Bakker en Pieter Paulusma 2. Herre Winia en Johan Cnossen
WELPEN

Yn dizze klasse mei 11 partoeren wie de finale in Dearsumer-Poppenwierster treffen! Soan en heit Hidde en Johannes van Raalte wûnen sterk fan Thymen Krikke en Jelmer Drijfhout. In moaie 3de priis wie foar soan en heit Roel en Arjen Hofman. De ferliezersfinale waard fertsjinne wûn troch dochter en heit Amerine en Douwe Kiestra. Dochter en mem Layla Borkhuis en Anke Sieperda ferlearen dy partij op 5-3 6-0.
Welpen (11 partoeren)
1. Hidde
van Raalte en Johannes van Raalte 2. Thymen
Krikke en Jelmer Drijfhout 3. Roel
Hofman en Arjen Hofman; ferliezersrûnte: 1. Amerins
Kiestra en Douwe Kiestra 2. Layla
Borkhuis en Anke Sieperda
PUPILLEN

In moaie lytse list fan 7 partoeren pupillen. De grutte slach fûn plak yn de earste omloop: Wiebe Huitema en Kristia Dotinga tsjin Esther Lootsma en omke Timen van Gelderen. Alles kaam oan 'e hang en de lêste punten wienen foar Wiebe en Kristia. En wat barde? Nei in tige spannende heale finale tsjin Tieme Holtrop en Marrit Oosterbaan (5-5 6-4) wie de finale net echt in probleem mear. Mare van der Goot en Ruurd Jan Leenstra bleauwen op trije earsten stean. De ferliezersfinale wie o sa iensidich. Esther en Timen wûnen op 5-1 6-4 fan soan en heit Jitse en Jasper Bakker (Jitse en Jasper ferlearen yn de earste omloop mar krekt fan Tieme en Marrit, 5-5 6-4!). Ja, it ferskil tusken wol of net in priis is soms lyts.
Welpen (11 partoeren)
1. Wiebe Huitema en Kristia Dotinga 2. Mare van der Goot en Ruurd Jan Leenstra; ferliezersrûnte: 1. Esther Lootsma en Timen van Gelderen
Nieuws
Duo's Evert-Berber en Arjen-Sanne winne moai Pearkekeatsen yn Goaiïngea
zaterdag 31 mei 2025
...
Lees meer...
Boalsert wint famkes ôfdieling, 3de priis foar Brecht Renema mei Balk
zondag 18 mei 2025
...
Lees meer...



