Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Sneon 22 augustus Johannes de Jagerpartij leden senioaren

Op 22 augustus 2026 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Sneon 22 augustus Froulju 45+-partij 

Op 22 augustus 2026 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Freed 11 septimber Slotpartij leden jeugd

Op 11 september 2026 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Muorrekeatstoernoai

vrijdag 24 januari 2025
Priiswinners.jpg
It wie in gesellige drokte nei ôfrin fan it freedtejûntoernoai. It oantal dielnimmers wie by  de froulju wat minder as op de gebrûklike kompetysjejûn, mar wat wolst ek op in wykeinjûn, sadwaande!
De lotting fan de partijen giet fia in rankingsysteem. De spilers wurde yndield neffens sterkte. En it excel-programma dat derfoar skreaun is, wurket sá dat in minder sterke spiler by in wat sterkere spiler lotte wurdt of de bêste komt by de minste, ensafh.  
Mar der wurdt per groep ek lotte yn in A- en B-klas, wêrby't de bêsten yn it A-fjild spylje en de rest yn it B-fjild. Mar der binne ek minsken dy't sawol yn it A- as it B-fjild spylje. Dy sitte der dus wat tuskenyn. Ja, it is wat!   
Elke winstpartij levere fannejûn 12 punten op + it puntesaldo.

A-klas - 15 spilers
By de A's mocht elk 8 partijen spylje, 15 punten út. Yn dy klasse dienen 15 minsken mei, wêrfan 1 froulik persoan: Aaltsje Kroes. En wa wûn it: Aaltsje Kroes. Aaltsje is in spylster dy't 'fêst' oan 'e bal is en dat is in goede basis. Sy wûn as iennichste 7 fan de 8 partijen. Jelmer Drijfhout en Gerben Wierda kamen mar krekt achter har út. Dizze mannen wûnen 6 partijen.

B-klas - 12 spilers
Moai op tiid wienen de A's klear en mochten de B's oan 'e bak, de tiisdeitejûnploech. De 12 froulju spilen ek elk 8 partijen, 21 punten út. Twa froulju wûnen alle partijen en dy wienen elkoar ûnderweis dus net tsjinkommen: Siebrigje Nynke Boschma en Maureen Stok. Mar Sieb hie krekt wat in geunstiger puntesaldo, 40 tsjinoer 30. 
By útsûndering wienen der dizze jûn gjin minsken dy't alles wûnen.

Eindútslaggen Muorrekeatstoernoai 24-01-2025.jpg

Nieuws

Moaie KNKB-keatserij mei famkes frije formaasje

zondag 16 augustus 2026
Der dienen...
Lees meer...

15 partoeren KNKB skoalfamkes mei spannend keatsen 

zondag 16 augustus 2026
Der die...
Lees meer...

Jonge Hab Partij 2026: wiet en drûch, en wer in moaie dei!

zondag 26 juli 2026
...
Lees meer...