Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 23 maart 2025 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

KNKB 1ste klas froulju mei fertsjinne Rypster winners

zondag 30 juni 2024
Froulju 1ste klas alle priiswinners.JPG
Mei in moaie rûne list fan 10 frijeformaasjepartoeren begong snein om 10:00 oere de KNKB 1ste klaspartij. It bestjoer hie yn syn wiisheid twa fjilden del lein, dat alle partoeren koenen yn ien kear los. Francisco Oosterbaan hie de lieding op it haadfjild, it fierste fjild hie in wiksel-skiedrjochter: wa't mar beskikber wie fan de tagelyk hâlden ledepartij naam dêr har/syn posysje yn. Fjouwer besette fjilden, it wie in aardichheid om te sjen. En it waar wie prima, wol in lestige hurde wyn dy't letter op 'e dei mear nei it westen draaide, sadat de froulju foar de wyn opsloegen, of yn elke gefal mei in geunstige sydwyn, wat jo sizze as jo op 'e fyts binne.  

Finale yn 'e earste omloop
Apart wie it, mar in dei earder yn Wommels wienen de trije oranje Rypster froulju Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi by elkoar lotte (in komplottinker soe sizze: setten, ha ha). En  se wûnen dêr fansels en no wienen se wer mei kânshawwers. Wy kinne wol sizze dat de finale einliks yn de earste omloop plak fûn; de oranje froulju tsjin it Lollumer trijetal Britt Joustra, Lisanne Venema en Jeldau Koopmans, 5-4 6-6. Kwa útslach dan, want yn de twadde omloop ferlearen yn in rare partij (dêroer straks mear). 
Yn de twadde omloop wûnen Veltman c.s. aardich maklik fan Anna Ennema, Anouk Smink en Mare Dijkstra (ynfalster foar Fiera de Vries). It waard 5-3 6-0.

Preemje of neat
Yn de partij om de preemje of neat wie it lang ûnwis hoe't komme soe. Andrea Kroes, in dei earder finaliste tsjin Veltman c.s., kaam mei har maten Anna-Dieuwke Dijkstra en Rixt Wijnia yn in swiere partij op in beslissende foarsprong. De stân wie 4-4 en it waard 5-4 en dat joegen se net wer út hannen, 5-4 6-4. Yn de earste omloop hienen se Rianne Stremler, Marit Feenstra en Gyanne Hiemstra ienfâldich nei de ferliezersrûnte stjoerd, 5-2 6-6. 
Foar Ilse Baanstra, ús Snitser lid, Hester Torensma en Gerbrich Koster wie der in 3de priis. Nei in maklike winst yn de earste omloop (5-0) folge in steand nûmer. Op 'e trije troffen se Veltman, Scharringa en Idsardi en dat waard in frije sneue partij foar Ilse en har maten. Der siet net in buordsje yn, 5-0 6-6, mar wol de 3de priis!
Yn de finale troffen Veltman c.s. dus Andrea Kroes, Anna-Dieuwke Dijkstra en Rixt Wijnia. It like in skjinne telegraaf te wurden, mar Andrea en har maten sleepten de dochs noch in spul út: 5-2 6-2.

Dan de ferliezersrûnte
  
Pleatslik korifee Moniek Lootsma hie mei har maten Marrit Wielenga en Marije van der Molen yn de earste omloop ferlern fan Anna Ennema, Anouk Smink en Mare Dijkstra, 5-4 6-2. Yn de twadde omloop troffen se de ferliezers fan de 'oranje brigade, Britt Joustra, Lisanne Venema en Jeldau Koopmans. It gie mei de Lollumsters as it spoar en mei Lootsma c.s. wat minder. Better sein, se kamen hielendal net yn harren spul. En sa stie it ynienen  5-1. Mar war barde? 'Met hangen en wurgen' pakten se in buordsje, en noch ien. De ûnwissens slûpte yn it partoer fan de Lollumer froulju en dat levere punten op foar Moniek c.s. Dochs hie noch wol 10 mis gean kind, mar dat barde net: 5-5. En ja, dan kin it wer alle kanten út en it foel de kant út nei Moniek en har maten op 5-5 6-6. Tsja.
Op 'e trije wachten Elske van Straten, Linda van der Meer en Noëlle Hiddinga. Troch goed keatsen wûnen Lootsma c.s. dy partij op 5-4 6-4. En de finale wûnen se gelokkich wat makliker fan Yannah Palma, Anke Wassenaar en Hedwig Wiersma, 5-3 6-3. Sa waard it dochs noch in moaie dei, mei trije pryske foar ús leden.  

De útslach
Froulju 1ste klas 1ste priis.JPG
1. Iris Veltman, Lisanne Scharringa en Senne Idsardi (allegearre Dronryp)
2. Andrea Kroes (Grins), Anna-Dieuwke Dijkstra (Grins) en Rixt Wijnia (Wommels)
3. Hester Torensma (Easternijtsjerk), Ilse Baanstra (Snits) en Gerbrich Koster (Tsjom)




Froulju 1ste klas 2de priis.JPG




Froulju 1ste klas 3de priis.JPG










Froulju 1ste klas 1ste priis ferl..jpg








Ferliezersrûnte
1. Moniek Lootsma (Goaiïngea), Marrit Wielenga (Tsjom) en Marije van der Molen (Stiens)
Nieuws

Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai

zondag 24 november 2024
...
Lees meer...

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...