Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Earste krâns foar Minke Nijland op in hiele rêstige Fakânsjepartij foar de jeugd

zaterdag 19 augustus 2023
Marco 2 (1).jpg
Goaiiïngea, 18 augustus 2023. 16 famkes en jonges dienen mei oan de ien nei lêste ledepartij fan dit seizoen. Dat sille op 9 septimber grif mear wêze. En de patat smakke der nei ôfrin net minder om!

Kabouters
Hjir wienen 6 ienlingen, dy't in gewoan ôffalsysteem keatsten.
Meie wy sizze dat yn de earste omloop daliks al de finale wie? Ik tink it wol: Minke Nijland tsjin Age Bakker. Alles kaam oan 'e hang (5-5 6-6) en doe lei foar Minke de wei nei har earste krâns iepen. Want nei in steand nûmer yn de twadde omloop wie de finale al berikt. Dêr trof sy Amerins Kiestra, dy't wûn hie fan Suze Maite Bokma en dêrnei fan Wout de Groot. Yn de finale wie it ferskil grut: Minke Nijland wûn op 5-1 6-0 fan Amerins Kiestra.

Age Bakker wûn yn de finale fan de ferliezersrûnte op 5-2 6-4 fan Baukje Huitema. Baukje hie, nei ferlies yn de earste omloop fan Wout de Groot (5-4 6-4), yn de heale finale wûn fan Suze Maite Bokma op 5-3 6-4. Yn de finale wie Age dus krekt even te sterk foar Baukje.
De útslach:
1. Minke Nijland
2. Amerins Kiestra
Ferliezersrûnte:
1. Age Bakker 

Kabouters 1 + 2 + ferl. 1.jpg
Welpen
Hjir wienen 5 twatallen, dy't earst allegearre twa partijen spylje moasten. De partoeren mei de measte punten (Snitser telling) moasten dan de finale keatse.
Twa kear wûnen Jitse Bakker en Ravi de Vries. En sy kamen yn de finale te stean tsjinoer Wiebe Huitema en Eelco Kiestra. En dat wûnen Jitse en Ravi op 5-3 6-2.
De útslach:
1. Jitse Bakker en Ravi de Vries
2. Wiebe Huitema en Eelco Kiestra
Nieuws

Hoera!

dinsdag 28 november 2023
Snein...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Veegpiettoernoai

maandag 27 november 2023
Snein...
Lees meer...

Gesellich Algemien LedeFeestje

maandag 13 november 2023
Dat...
Lees meer...