Muorrekeatsen A-groep
Muorrekeatsen B-groep
Muorrekeatsen A-groep
Moai fakânsjekeatsen op de Strikwerda-Smitpartij
A-klas
It waard in spannende pûlstriid mei partoeren dy’t elkoar op papier net folle ûntrûnen. Nei twa omlopen hienen alle partoeren ien kear wûn en ien kear ferlern. Alles lei noch iepen.
Arjen Radix, Johan Cnossen en Feiko Scheepvaart pakten yn de tredde partij ien kear goed troch tsjin Timen van Gelderen, Jeen Brinksma en Gerben Wierda. Mear as in spul siet der nei yn foar Van Gelderen c.s.
Jouke Dotinga, Wybren Jorritsma en Marcel de Groot stienen nei twa partijen op mar 8 punten, dat folle kâns op in priis wie der net. Mar likegoed hienen se in fleanende start tsjin Everts Sijbesma, Jelmer de Jong en Jan Feenstra en namen bretaal in royale foarsprong. Sijbesma c.s. kamen knap werom en it waard 4-4 yn earsten, dy’t op ien nei allegearre op 6-6 fergongen! En doe pakten Sijbesma c.s. yn ien kear troch nei 5-4 6-4.
De rekkenmasine moast derby: 19 punten en 13 punten tsjin foar Arjen Radix c.s. en 19 punten foar en 13 tsjin foar Evert Sijbesma c.s. Ja, en dan jildt de ûnderlinge partij. Yn de earste omloop hienen Arjen en syn maten op 5-5 6-4 wûn fan Evert en syn kompanen. As de organisaasje dat allegearre foarút witten hie, hie de rest allegearre wol skriftlik ôfdien wurden kind. Mar ja... Gelokkich wie dat net it gefal, want der wie foar it publyk bytiden leuk keatsen te sjen. Foar Arjen wie it syn earste pryske op in ledepartij dit jier, foar Johan wie it syn twadde krâns en foar Feiko ek.
B-klas
Yn de earste omloop wienen daliks al twa klappers: Maaike Faber, Sjoerd Dijkstra en Wytse Hospes ferlearen op 5-5 6-6 fan Martsen van der Goot, Herre Cnossen en Renske Zijlstra. De lêsten soenen it dêr net by litte. En dyselde stân wie der tusken it partoer Tara van der Meulen, Siebrigje Nynke Boschma en Oeds Broersma. Dy wûnen fan Jacob Dotinga, Jelke Hindrik de Vries en Riemy Reitsma. Ja, dan is de skifting makke. De partij om de preemje of neat, sis mar om in finaleplak, gie tusken Tara, Siebrigje Nynke en Oeds tsjin Mare Dijkstra (famkeskeatster en gastspylster út Makkum), Maureen Stok en Rixt Velstra. En dat hie miskien net ien tocht, Mare en har maten wûnen, op 5-4 6-6 en hienen doe in steand nûmer.
Yn de finale troffen se Martsen van der Goot, Herre Cnossen, krekt op ferlof nei in healjier op see, en Renske Zijlstra, dy’t yn de twa oare partijen mar twa earsten tsjin krigen en swier favoryt wienen. En se makken dat favorytwêzen wier. Op 5-1 6-4 wie de bút binnen.
Ferliezersrûnte
En jo sjogge it faak en no ek wer. As je mei 5-5 6-6 ferlieze yn de earste omloop fan lettere finalisten, dan is kâns grut op in priis yn de ferliezersrûnte. En dat barde. Nei noch in pittige partij yn de twadde omloop tsjin Johannes de Jager, Jochem Lootsma en Syboel van der Goot (5-5 6-2) hellen Jacob Dotinga, Jelke Hindrik de Vries en Riemy Reitsma se yn de finale op 5-2 6-4 de winst binnen tsjin Aaltsje Kroes, Wytse Symen Boschma en Aaltsje Wesselius.
En sa wie in moaie keatsdei wer goed ferrûn wie it in oere as as 19:00 doe’t de prizen útrikt wienen, kadobonnen te fersulverjen by Strikwerda-Smit. En fierder wie it fansels moai dat de broerkes Herre en Johan Cnossen beide de krâns om krigen!
De útslaggen
A-klas (4 partoeren)
1. Arjen Radix, Johan Cnossen en Feiko Scheepvaart
2. Evert Sijbesma, Jelmer de Jong en Jan Feenstra
1. Martsen van der Goot, Herre Cnossen en Renske Zijlstra
2. Mare Dijkstra, Maureen Stok en Rixt Velstra
Ferliezersrûnte
1. Jacob Dotinga, Jelke Hindrik de Vries en Riemy Reitsma
2. Aaltsje Kroes, Wytse Symen Boschma en Aaltsje Wesselius
Prachtich Nachtkeatsen JEUGD as ôfsluting seizoen 2024