Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

De Foute Ledepartij senioaren

Op 28 juli 2024 om 11:00 uur
locatie: Goaiïngea

Fakânsjeledepartij senioaren

Op 17 augustus 2024 om 14:00 uur
locatie: Goaiïngea

Fakânsjepartij leden jeugd

Op 23 augustus 2024 om 16:00 uur
locatie: Goaiïngea

Lytse Hab lit alfêst sjen oan de grutten hoe't it moat!

vrijdag 14 juli 2023
Goaiïngea, 12 july. Yn tarieding op de Jonge Hab Partij hie de jeugd hjoed de Lytse Hab Partij! Der waard keatst yn 4 klassen, en it wie faak wer in moaie en spannende striid. De hurde wyn makket it soms dreech foar de jeugd, mar dat makke de wille net minder.
Kabouters B
By de kabouters B stienen der 7 jonges en famkes op ‘e list; sy spilen wer it 1 tsjin 1 kabouterkeatsen. De lytse finale gong tusken Jurre Bruinsma en Tessa Wiersma, en dy waard wûn troch Jurre. De finale gong tusken Wout de Groot en Amerins Kiestra. It waard in moaie striid, dy’t wûn waard troch Wout.
Kabouters A
By de kabouters A waard wer poulekeatst (kabouterkeatsen) en dat wie tige spannend. Nei twa omlopen hienen trije partoer 2 kear wûn, it koe alle kanten noch op. Helaas ferlearen Age Bakker en Minke Nijland mei 5-3, wêrtroch't se 1 earst te min hienen foar de twadde priis. Dy gong nei Jesse van der Zwan en Feija Bakker mei 18 earsten foar en de krâns wie foar Jildert Bakker en Layla Borkhuis mei 19 earsten!
Welpen
By de welpen stienen der 5 twatallen op de list, allegearre twa kear keatse. Nei twa omlopen hienen Jitse Bakker/Bert Kalma en Wiebe Cnossen/Thymen Krikke twa kear wûn en se hienen ek like folle tsjinearsten. Jitse en Bert hienen krekt wat mear lytse punten en dus wie de krâns foar harren.
Skoaljeugd
De skoaljeugd mei 6 jongelju hat 3 kear yn in oare samenstelling keatst. Oan it ein fan ‘e dei wie de winst mei trije winstpartijen dik fertsjinne foar Doutzen Twijnstra, 2de waard Rein Huitema en de 3de priis wie foar Jorrit Boersma. Lokwinske allegearre!

De útslaggen

Kabouters A
1e Jildert Bakker en Layla Borkhuis
2e Jesse van der Zwan en Feija Bakker

Kabouters A 1.jpg
 
Kabouters A 2.jpg
 
Kabouters B
1e Wout de Groot
2e Amerins Kiestra
1e ferl. Jurre Bruinsma
2e ferl. Tessa Wiersma

Kabouters B 1.jpg
Kabouters B 2.jpg
Kabouters B ferl 1.jpg
Kabouters B ferl 2.jpg
Welpen
1. Jitse Bakker en Bert Kalma
2. Wiebe Huitema en Thymen Krikke

Welpen 1 2.jpg
 Skoaljeugd
1e Doutzen Twijnstra
2e Rein Huitema
3e Jorrit Boersma
Skoaljeugd 1 2 3.jpg




Nieuws

Prachtige 5de Jonge Hab Partij pleage troch reinwetter mar supergoed slagge!

zondag 7 juli 2024
Ja, it...
Lees meer...

Lytse Hab Partij: earste krâns foar Digna!

woensdag 3 juli 2024
...
Lees meer...

KNKB 1ste klas froulju mei fertsjinne Rypster winners

zondag 30 juni 2024
Mei...
Lees meer...