Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 23 maart 2025 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

DLG'ers trochsteane it gleone waar op EDB Bouw-partij

maandag 26 juni 2023
Allegearre 1.jpg
Goaiïngea, 25 juny 2023.  It soe waarm wurde, mar fan in koade read, giel of oranje hienen wy neat heard. It soe in graad as 30 wurde. Goed ynsmarre, op tiid drinke en net ta gek dwaan, dan soenen wy de dei wol trochkomme. It duorre dêrom ek allegearre wat langer. Én dêr kaam by dat de finales yn de B-C-klasse ekstra lang duorren trochdat de partoeren dy ‘t ein foarstienen net trochbite koenen en de winst oan de oaren lieten. Jo dogge dat net mei sin, mar ja..... 
Publyk.jpg

Moaie listen

De organisaasje hie twa listen makke op dizze earste EDB Bouw-partij, dy’t hâlden waard yn kombinaasje mei de club fan Itens: in A-B-list mei 6 partoeren en in B-C-list mei 12 partoeren. Der wienen net genôch ‘echte A’s foar in aparte klasse. Mar wat wie oan ‘e hân yn de B-C-klasse? Fan de 36 keatsers/-sters wienen 23 frou (en der sieten ek noch 2 by de A-B’s).  Dan kinne jo in kear yn in eigen klasse keatse, binne der te min mánnen foar in eigen klasse! Mar it sil in kear barre! Wy witte noch fan foarich dat in kloft DLG’ers op ‘e fyts ôfsetten nei Itens en dêr flink wat prizen weihelle. Dit kear wienen de rollen omdraaid. Jelle Fopma en dochter Laura Margje wienen de iennichste Itensers, wienen neffens my net op ‘e fyts, mar 50% fan harren hie in priis en dat is dan wer in knappe skoare! 

Priisútrikking 2.jpg

Moaie partoeren yn de A-B-finale

Yn pûl twa wie it partoer Sytze Jan de Vries, Jeen Brinksma en Jacob Dotinga oppermachtich. Se wûnen beide partijen op 5-1 6-6, in kompleet trio mei in sterke Sytze Jan de Vries. Hy is it lêste jier better wurden! Ja, wat wolle jo: hy sit op in trenerskursus. Pûl 1 wie de ‘poule des doods’, sa as dat wolris yn de fuotballerij neamd wurdt. Yn de earste partij wûnen Jelmer de Jong, Wybren Jorritsma en Johannes de Jager op 5-3 6-0 fan Arjen Radix, Marcel de Groot en Maaike Faber. It wie in prestiizjestriid dy’t dit kear troch Jelmer wûn waard fan freondinne Maaike. Sa is de relaasje op keatsgebiet wer yn lykwicht, net ûnbelangryk!

Goed, genôch jeuzele. Want wat barde dêrnei? De twa oare partijen yn de pûl einigen op 5-5 6-6. En sa kamen twa partoeren út op 12 punten. Evert Sijbesma, Jan Feenstra en Gerben Wierda hienen 11 earsten tsjin en Jelmer, Wybren en Johannes 9. Dat wie dúdlik.

It hie in moaie striid wurde kind, mar it waard hiel iensidich: 5-1 6-2 foar Sytze Jan, Jeen en Jacob, de 3 J’s. Foar Jacob wie it syn twadde krâns dit jier op in ledepartij.

AB 1 en 2.jpg

A-B-klas (6 partoeren)

1. Sytze Jan de Vries, Jeen Brinksma en Jacob Dotinga

2. Jelmer de Jong, Wybren Jorritsma en Johannes de Jager

Wat in finales yn de B-C-klas; earste krâns foar Rixt Oosterhaven

Hjir stienen 12 partoeren op ‘e list. En dêr stienen nochal wat gasten op, ûnder mear de heit en mem fan Tara van der Meulen, en wêrom ek net! En it waard ek noch in striid tusken dy twa. Nei twa omlopen gie it om de prizen. Behalve foar it ûnderste blokje fan fjouwer. Dêr wie it twa kear winne: finale.  

Op ‘e trije wûnen Nynke Schipper, Oeds Broersma en Rixt Oosterhaven yn in spannende pot fan Esmee Suierveld, Pieter Jan Scholtanus en Renske Zijlstra, 5-4 6-2. Dat wie dreech foar Schipper c.s., want de finale moast dêrnei noch. ‘Fjouwer kear is tefolle mei dit waar’, sa sei de nestor fan de dei, Oeds Broersma. Mar goed, jo geane ek net nei hûs ta.

Marije Jonker, Klaas Fokke Plantinga en Jelle Fopma hienen ien partij minder spile. It waard in lange en spannende partij. Jonker c.s. rûnen út nei 5-3 foar en dan moatte jo it útmeitsje. Dan dienen se net! En dan docht sear. Je sjogge hoe’t de oaren tichter by komme. It waard 5-5 en yn it lêste earst makke Oeds de partij op 6-2 út mei in knappe retoerslach. Foar Oeds wie it syn twadde krâns dit seizoen op in ledepartij. Foar Rixt wie it har earste grien yn har no twajierrige karriêre!

 

De finale yn de ferliezersrûnte wie noch wat dramatysker foar de lettere ferliezers. Wytse Symen Boschma, Antsje Kievit en Boukje Brouwer lieten in 5-2 foarsprong sjitte. Ja, mei de oaren, Folkert Wierda, Jelmer Molenaar en Gerrit van der Meulen rûn it earst net sa, mar troch wat funksjeferoarings kamen se dochs wer better yn it spul. Ja, it waard 5-5. Trije sitballen fan Jelmer makken 6-0. En op 5-5 6-2 wie de winst foar Folkert (hy die mei as ynfaller), Jelmer en Gerrit.  

B-C-klas (12 partoeren)

1. Nynke Schipper, Oeds Broersma en Rixt Oosterhaven

2. Marije Jonker, Klaas Fokke Plantinga en Jelle Foma (Itens)

3. Esmee Suierveld, Pieter Jan Scholtanus en Renske Zijlstra

Ferliezersrûnte

1. Folkert Wierda, Jelmer Molenaar en Gerrit van der Meulen

2. Wytse Symen Boschma, Antsje Kievit en Boukje Brouwer

BC 1 en 2.jpg

 

B-C 3.jpg
BC ferl. 1 en 2.jpg

En sa koenen nei in lange keatsdei, dy’t begong wie om 11:00 oere, de prizen útrikt wurden en kamen alle priiswinners op ‘e foto foar it EDB Bouw-boerd. 

 
Nieuws

Jelmer Drijfhout en Maureen Stok sterke winners VeegPiettoernoai

zondag 24 november 2024
...
Lees meer...

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...