Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Sterke winners by de 50+ frije formaasje; pechfûgel Jan de Groot leit der even út!
Sterke A-klaspartoeren; Keimpe en Wietse krekt foar in mooglike priis derôf
By de 12 A-partoeren sieten sterke formaasjes,
mei âld-en 1ste klassers, dy’t der noch wol wat fan koenen. Uteinlik kaam it
partoer Alexander Post, Teake van der Walt en Klaas Anne Terpstra yn de finale ú
tsjin Peter Tolsma, Gerrit Groen en Klaas Dijkstra. Op ‘e trije hienen Post c.s
it dreech hân tsjin de trije mannen fan Eanjum, Jan Visser, Sjoerd Sonnema en
Jan Pieter Hovinga, 5-4 6-4. Yn de finale hienen se it maliker. Tolsma c.s. koenen
it lang net rêde: 5-2 6-4.
Yn de ferliezersfinale wie in moaie pot, de earsten gienen om en om. Uteinlik wûnen Hilbrand Smid, Nanning Seepma en Ibo Nicolay it op 5-5 6-0 fan Dirk Machiela, Anne de Vries en Doede Machiel. Keimpe Talsma, Wietse Punter en André Dijkstra koenen it op ‘e trije spitich genôch krekt net rêde tsjin Machiela c.s., 5-5 6-4. It hie moai west foar Keimpe en Wietse, dy’t yn de earste omloop mei 5-0 ferlern hienen fan de lettere winners.
Útslach A-klas
1. Alexander Post (Seisbierrum), Teake van der Walt (Seisbierrum) en Klaas Anne Terpstra (Minnertsgea)
2. Peter Tolsma (Reduzum), Gerrit Groen (Wergea) en Klaas Dijkstra (Feanwâlden)
3. Jan Visser, Sjoerd Sonnema en Jan Pieter Hovinga (allegearre fan Eanjum)
In pryske foar Age yn de B-klas, dat wol!
De wienen mar 9 partoeren yn de B-klas. De Eastereiners en Wommelsers sleepten flink wat prizen yn ‘e wacht, mar dé priis gie nei Rutger Fopma, Johannes de Jong en Jochum de Vries. Mar krekt, dat wol, want Sipke Hiemstra, Tjerk Okkema en Jan Vellinga joegen hiel knap partij en moasten pas yn ‘t lêst de holle bûge, 5-5 6-4. De 3de priis wie foar Peter Sijbesma, Roel Sijbesma en ús Goaiïngeaster Age van der Goot. De lêsten hienen yn de twadde omloop wûn fan Johan Wittermans, Harmen van Gelderen en Jan de Groot. Jan waarde de grutte pechfûgel fan de dei. Mei de lêste slach fan de partij kaam hy, wylst hy dwaande wie de bal foar de keats werom te slaan, hurd yn oanrekking mei it Goaiïngeaster fjild. De finger bryk, in pynlike saak en it waard in medyske kwersty. By einbeslút kaam hy letter op it fjild werom mei de earm yn ‘t gips. In sneuë saak!
Útslach B-klas
1. Rutger Fopma (Bears), Johannes de Jong (Mantgum) en Jochum de Vries (Wiuwert)
2. Sipke Hiemstra, Tjerk Okkema en Jan Vellinga (allegearre Easterein)
3. Peter Sijbesma (Easterein), Roel Sijbesma (Easterein) en Age van der Goot (Goaiïngea)
Ferliezersrûnte
1. Jelle de Boer, Pieter Porte en Bertus Bootsma (allegearre Wommels)