Gesellich Algemien LedeFeestje
maandag 13 november 2023


Dat wie op freedtejûn 4 novimber. In 30 leden hienen de muoite nommen om op dizze jûn even werom te sjen op it ôfrûne seizoen, mar ek om gewoan even mei elkoar by te praten. Alderearst joech foarsitter Jouke Dotinga oan Harmen van Gelderen it wurd om syn jierferslach oan de oanwêzigen foar te lêzen.
Dat foel yn 'e smaak en dêrnei krige Sytze Jan de Vries de Repkobeker fan de manlju útrikt. Mei-winner Feiko Scheepvaart wie der net en ek Antsje Kievit-Abma, achtfâldich winner fan de Repkobeker, koe der net by wêze.
Dêrmei it offisjele part fan de jûn foarby en koe de groepsfoarming begjinne. Sadwaande wienen der in stik as fiif ploechjes dy't al bier- en wyn- en frisdrinkend de tiid ferdreaunen. Letter op 'e jûn kamen de waarme hapkes del. En sa duorre de jûn oant it begjin fan 'e nacht. It wie in slagge algemien ledefeestje (ALF).



Nieuws
It lytste RoetveegPiet-toernoai sûnt 2016: en dochs wie it leuk
zondag 30 november 2025
...
Lees meer...
Koarte ledegearkomste mei as 'toetje' in dynamyske Muzykbingo
vrijdag 7 november 2025
It wie in...
Lees meer...
Nachtkeatsen jeugd: lekker keatse, los fan de grutten!
zaterdag 13 september 2025
De...
Lees meer...





