Drok besette ledegearkomste yn 'de Kosterij'
woensdag 29 maart 2023
Goaiïngea, 29 maart 2023 . It is altyd ien fan de bestjoerlike hichtepunten fan ús club, de jierlikse ledegearkomste yn de maitiid. It seizoen stiet foar de doar en op papier binne de saken der klear foar. En no mar hearre wat de leden derfan te sizzen hawwe. In lytse 30 minsken wienen oanwêzich en dat is mear as der wolris west hawwe. 
Marije Jonker, de ponghâldster, die fakkundich har ferhaal oer de sifer fan it ôfrûne jier. It sjocht der goed út. De kaskommisje koe dan ek freegje de ponghâldster desjarzje te ferlienen. De prizen fan konsumpjes yn de keatskantine geane net omheech, behalve de bierpriis, dêr komt € 0,25 by.
Yn ferbân mei de ALV fan de KNKB op 5 april stienen der in tal 'heikele' punten op 'e aginda. Der is in nij systeem foar de lede-administraasje. De ferienings kinne no sels feroarings oanbringe. Puntsje is noch wol de AVG (privacy). Dêr stiet it bestjoer kritysk yn: wat kin de leveransier fan it systeem eventueel mei de gegevens fan ús leden? Fierder wol de KNKB oer nei in nij systeem fan ôfdracht wêrby't ûnderskied makke wurd nei soarten leden, koartsein aktive en net-aktive én, apart, sponsors. Fierder wol de KNKB dat it opjaan


Nieuws
It lytste RoetveegPiet-toernoai sûnt 2016: en dochs wie it leuk
zondag 30 november 2025
...
Lees meer...
Koarte ledegearkomste mei as 'toetje' in dynamyske Muzykbingo
vrijdag 7 november 2025
It wie in...
Lees meer...
Nachtkeatsen jeugd: lekker keatse, los fan de grutten!
zaterdag 13 september 2025
De...
Lees meer...





