Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Veegpiettoernoai
maandag 27 november 2023
Snein 26 novimber wie it earste muorrekeatstoernoai fan dit winterskoft. In klassiker is it hast, it Veegpiettoernoai. Der wienen 26 dielnimmers en elk mocht 8 kear spylje, twa tsjin twa. Aaltsje Kroes bleau yn de A-groep Michel Nesse krekt foar. De A-groep spile fan 13:00 - 15:00 oere.
Yn de B-groep wie it ferskil tusken de 1ste en de 2de ek net grut. Siebrigje Nynke Boschma wie in heale punt better as Tara van der Meulen. Dizze groep spile fan 15:00 - 17:00 oere, sadat de A-groep in skoft op de priisútrikking wachtsje moast. De prizen wienen wer lekker, sponsord troch Jaring Ypma út Gau, bakker sutelder.
It wie in slagge toernoai en it neisitten wie gesellich.




Nieuws



