Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Earste winst foar Jouke Dotinga en Jochem Lootsma op in ledepartij dit jier
maandag 21 augustus 2023
Goaiïngea, 20 augustus 2023. Foar kandidaat-lid en tredde maat Rianna Fopma wie dat net it gefal troch de winst mei it Pearkekeatsen, earder dit jier. Yn de finale fersloegen se - Jouke Dotinga, Jochem Lootsma en Rianna Fopma - it trio Marco Lobregt, Folkert Yde Kievit en Femke Terpstra yn in 'wat sil it wurde'-partij. Want it like krekt as wie it ôfpraten spul: wy ferdiele de earsten om-en-om. Mar sa wie it net.... De beide A-maten koenen der wat fan: de bûten- en kweaslaggen wienen hast net te tellen! It wie dus minder spannend as de einstân, 5-4 6-6, ferûnderstelle lit. Mar wy moatte posityf eingje. It wie prachtich waar, sok prachtich moai keatswaar hie it dit jier noch net west. En der wienen ek in protte net-keatsende taskôgers, wy neame Jan Radix, Tsjeard Bakker en Hiltsje Abma en 'ik sei de gek' (HvG).
De geiten en de bokken
De organisaasje wie dit kear rij mei de prizen: 4 yn 'e winnersrûnte en 2 by de ferliezers en dat by 14 partoeren, prima. De earste omloop is altyd wer de grutte skifting. Dan wurde de bokken fan de geiten skieden en dan bedoele wy net de froulju fan de manlju, mar: geane jo nei de glorieuze winnersôfdieling, om dêrnei yn de twadde omloop derôf slein te wurden of krekt om de preemje of neat, of nei de ferliezersrûnte om úteinlik yn de finale te kommen en dan tagelyk te keatsen mei it partoer dêr't je yn de earste omloop fan ferlern hawwe!
Hoe faak komt dat net foar.....
Earst ferlieze en en dan dochs noch in priis winne
Feiko Scheepvaart, ús Wommelser lid om utens, Bertus Dotinga en Petra Fekken ferlearen yn de earste omloop fan Jouke Dotinga c.s. Nei in steand nûmer fersloegen se yn superspannende de heale finale Nolke Bergstra, Antsje Kievit en Johannes Douma, 5-5 6-2. It wie Johannes syn earste keatsoptreden dit jier! Nei in dreech begjin yn de earste partij gie it dêrnei better!
De oare ferliezersfinalisten wienen Arjen Radix, Siebrigje Nynke Boschma (op 'e foto stiet freon Jan Feenstra, want Sieb moast melke) en Norah ten Brink. Radix c.s. wienen oer alle boegen krekt even sterker. It waard 5-1 6-2.
Drege partijen
It wienen drege potten yn de twadde omloop, sawol by de winners as de ferliezers. Yn de partij fan Sjoerd Hofstee - hy die wer in kear mei -, Jorrit de Jong en Anna Elske van der Goot tsjin Marco Lobregt, Folkert Yde Kievit en Norah ten Brink kaam sels alles oan 'e hang!
Foar Lobregt c.s. wie dêrnei, nei de winst yn de heale finale op Jelmer de Jong, Ilse Baanstra en Rixt Velstra, de finale berikt. En hoe't dy ôfrûn is, witte jim al. De oare 3de priis wie foar Wybren Jorritsma, Jacob Dotinga, Patricio Venekamp, altyd dreechl!
Nei de priisútrikking bleau it noch lang gesellich by 'it Fintsje'. Tagelyk koe men in busreis boeke nei Burchwert foar de Keetpartij op snein 27 augustus.
De útslaggen
1. Jouke Dotinga, Jochem Lootsma en Rianna Fopma
2. Marco Lobregt, Folkert Yde Kievit en Femke Terpstra
3. Jelmer de Jong, Ilse Baanstra en Rixt Velstra
3. Wybren Jorritsma, Jacob Dotinga en Patricio Venekamp
Ferliezersrûnte
1. Arjen Radix, Siebrigje Nynke Boschma en Norah ten Brink
2. Feiko Scheepvaart, Bertus Dotinga en Petra Fekken
Nieuws