Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Noflike Thúsbliuwerspartij foar de jeugd: Tersoal boppe!
Goaiïngea, freed 28 july. Neidat de fjilden earst troch de jeugdkommisje-en-oanhing lein wienen, koenen om 16:00 oere 24 jongelju yn aksje komme. It waar wie prima, it wie de moaiste dei fan ‘e wike nei dagen fan reinwetter.
- De 9 kabouters spilen it gewoane toernoaisysteem mei ôffalrûnte. Dit kear gjin A- en B-klas dus. En it waard in spannende striid, wêrby’t de Tersoalster bern foar master opsloegen. Ja, it kaam sels safier dat de finale in broer-sus-striid waard, Jildert Bakker tsjin Feija Bakker. Jildert wie krekt even te sterk foar Feija, 5-1 6-4. Gelokkige 3de waard Jelke Holtrop.
De finale yn de ferliezersrûnte gie tusken Jesse van der Zwan en Femke Abma. In spannende pot, dy’t wûn waard troch Femke op 5-3 6-6.
- De welpen keatsten mei 4 partoeren in moaie heale kompetysje. Wiebe Huitema en gastspiler Jesper Boersma fan Skearnegoutum wûnen de beide earste partijen sûnder problemen en de oare favoriten, Tieme Holtrop en Anna Lynn Koldijk, dienen krekt itselde. Bleau oer de lêste partij en dat waard in partij dêr’t alle yn siet. Om en om gienen de earsten en it hie moai west as it 5-5 6-6 wurden wie. Dat barde net. Neidat Tieme en Anna-Lynn nei in 5-4 efterstân knap weromkommen wienen nei 5-5, wie it beslissende earst hiel dúdlik foar Wiebe en Jesper, 6-0. Foar de winners wie dat moai, mar de ferliezers moasten de nederlaach even ferwurkje!
De útslaggen
Kabouters (9 bern)
1. Jildert Bakker – 2. Feija Bakker – 3. Jelke Holtrop
Ferliezersrûnte
1. Femke Abma – 2. Jesse van der Zwan
Welpen (4 partoeren)
1. Wiebe Huitema en Jesper Boersma
2. Tieme Holtrop en Anna-Lynn Koldijk
1. Imme Klaas Kievit en Anne Rikst Bakker