Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Boalsert wint KNKB famkes ôfdieling; krâns foar Brecht Renema by de opstap!
Goaiïngea, 28 maaie. It wie hjoed wer in gesellige drokte op it keatsfjild. 102 skoalfamkes en famkes gongen de striid mei inoar oan yn fiif ferskillende klassen.
Famkes ôfdieling en opstap
De famkes hawwe hjoed yn Goaiingea de earste ôfdielingswedstriid fan it seizoen keatst. Hjir gong de finale tusken Boalsert en Tsjom, it wie lang in iensidige striid yn it foardiel fan Boalsert. Mar Tsjom kaam buordsje foar buordsje wer werom. Op 5-4 6-6 sloech Noa Elzinga de bal oer alles hinne en wie de winst foar Boalsert.
Yn de 3de omloop hong Boalsert oan in siden triedsje yn de partij tsjin De Trije Doarpen fan Easternijtsjerk, de partij om de preemje of neat. Se draaiden in 4-0 efterstân hiel knap om nei in 5-4 foarsprong en de winst op 5-4 6-2.
Ús eigen famkes, Berber van der Goot, Ilse Baanstra en Rigt van der Velde sneuvelen yn de twadde omloop, nei winst op Arum en ferlies tsjin de lettere winner Boalsert. Goaiïngea 2 mei Elbrich Kooistra, Afke Marij van der Goot en Martsen van der Goot wûnen de earste partij fan Rie en sneuvelen dêrnei tsjin it sterke Tsjom, de lettere preemjewinner. It lot moat ek in bytsje meisitte....
By de opstap gong de finale tusken Brecht Renema, Inez Bosch en Fianne Dijkstra tsjin Eline van Dijkhuizen, Jetske Zijlstra en Geertje van der Weide. Oant 3 earsten gelyk gong dit moai lykop, dêrnei wie it samar dien. De winst gong op 5-3 6-2 nei Brecht, Inez en Fianne.
Skoalfamkes A, B1 en B2
By de skoalfamkes waard der keatst yn trije klassen. By de A’s gong de finale tusken Aniek en Ilse tsjin Rikst en Sam, dizze waard wûn mei 5-3 6-0 troch Aniek en Ilse. Yn de B1 klasse gong de finale tusken Rens en Sofie tsjin Brecht en Maren. Dizze waard mei 5-1 6-6 wûn troch Rens en Sofie. De ferliezersfinale wie in stik spannender, de lêste slach wie pas op 5-5 6-6. Yn it foardiel fan Emma en Rianne rolle de bal tsjin it blokje oan en wie de keats net foarby. As lêste de B2 klasse, ek hjir waard pûlkeatst mei 6 partoer. De finale gong tusken Klaske en Nynke tsjin Berber en Marloes. De earstneamden wûnen dit frij iensidich mei 5-2 6-4.
De útslaggen
Famkes ôfdieling (19 partoeren)
1. Boalsert (Minke Tjalsma, Inge Blanke en Noa Elzinga)
2. Tsjom (Marrit Wielinga, Yannah Parma en Gerbrich Koster)
3. Lollum (Britt Joustra, Lisanne Venema en Jeldau Koopmans)
Famkes t.i.l. opstap (11 partoeren)
1. Brecht Renema, Inez Bosch en Fianne Dijkstra
2. Eline van Dijkhuizen, Jetske Zijlstra en Geertje van der Weide
3. Marsha Boersma, Fenna Hoekstra en Jennifer de Jong
Skoalfamkes A (6 partoeren)
1. Aniek Koopmans en Ilse van der Galiën
2. Rikst Grijpstra en Sam van der Marel
Skoalfamkes B1 (9 partoeren)
1. Rens Bos en Sofie Koops
2. Brecht Grovenstein en Maren de Vries
Ferliezersrûnte
1. Emma Porte en Rianne Osinga
Skoalfamkes B2 (6 partoeren)
1. Klaske Gaastra en Nynke van der Leest
2. Berber Boersma en Marloes Koops