Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij leden jeugd

Op 27 april 2024 om 09:00 uur
locatie: Goaiïngea

Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij leden senioaren

Op 27 april 2024 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Âlder-bernpartij

Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Winst partoer Iris Oosterbaan KNKB 1ste klas frije formaasje

zondag 15 mei 2022
It jonge bestjoer fan ús keatsclub hie it dizze dei net dreech. Arjen Radix wie clubskiedsrjochter en hie de (mar) 6 partoeren ûnder kontrôle. Oer 14 dagen wurdt it 'oare koeke', as de famkes en skoalfamkes delstrike yn Goaiïngea. Mar dat sil grif slagje! It waar wie sublym, mar der stie wol in fleagerige wyn wat skean oer it fjild en dêr hienen guon opslachsters it dreech mei. 
Yn de earste omloop wûnen Anna-Dieuwke Dijkstra, Rix Wijnia en Iris Oosterbaan - dit jier as famke útkommend foar Goaiïngea - mar krekt fan Aletta van Popta, Mintje Meintema en Gerde Lycklama á Nijeholt, 5-5 6-0. It wie in lykop-geande partij, wêrby't Van Popta c.s. nei in foarsprong tsjin in 5-3 achterstân oanseach, mar mei fearkrêft weromkamen ta 5-5. Yn de twadde omloop bleaunen Roelie Kroondijk, Hiske Zeinstra en Somona Kootstra op nul earsten stean tsjin Anna-Dieuwke c.s.
Yn de finale joegen Julia Marthine Rienks, Hesther de Boer en Marije Bodde wol aardich partij, mar it like der net in momint op dat Dijkstra c.s. yn 'e problemen komme soenen. Op 5-3 6-0 joech Anna-Dieuwke in sitbal en wie de winst binnen.

De winst yn de ferliezersronde wie foar Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma. Hja wûnen yn in iensidige partij fan Rixt Fokkema, Angela Donga en Ineke van der Ploeg, 5-0 6-4.

De útslach
1. Anna-Dieuwke Dijkstra (Ljouwert), Rixt Wijnia (Wommels) en Iris Oosterbaan (Skearnegoutum)
2. Julia Marthine Rienks (Dronryp), Hesther de Boer (Jellum) en Marije Bodde (Grou)
Ferliezersrûnte
1. Serena Hovenga (Marsum), Amarins de Groot (Mantgum) en Aluca Bouma (Grou)
1.jpg

2.JPG

1e en 2e prijs.JPG
4.jpg





Nieuws

Sjoerd Dotinga ferstoarn

maandag 26 februari 2024
...
Lees meer...

Jurjen Hiemstra wint Muorrekeatstoernoai

maandag 5 februari 2024
...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Veegpiettoernoai

maandag 27 november 2023
Snein...
Lees meer...