Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Âlder-bernpartij

Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Âlde Hap Partij KNKB manlju 50+ frije formaasje AB

Op 12 mei 2024 om 10:00 uur
locatie: Goaiïngea

Aldizer-aksje 23 maaie 2024

Op 23 mei 2024 om 18:00 uur
locatie: Sibrandabuorren (sporthal)

Rêstige ledefergadering, sûnder al tefolle fjoerwurk

woensdag 23 maart 2022
IMGP7760 (2).jpg

It nije, jong en frisse, fjouwerkoppige bestjoer ( op 'e foto f.l.n.rj. Maaike Faber, Jouke Dotinga, Marije Jonker en Arjen Radix ) hie op dizze maartske jûn yn De Kosterij yn Goaiïngea syn fjoerdoop. In 20 oare leden wienen wienen nei Goaiïngea ta kommen. It waard net dreech, foarsitter Jouke Dotinga liede de fergadering rêstich en profesjoneel. Opfallend wienen wol de Ingelske termen dy’t ús om ‘e earen fleagen, mar dat heart by dizze tiid. 

Marije Jonker joech útlis oer de sifers en die ek kalm en dúdlik, mei tank oan foargonger Franziska van der Tempel foar it wurk dat der noch fan hân hie. Kaskommisjelid Jelmer de Jong hie mei Jan Feenstra de boeken troch west by Marije. Hy frege de fergadering Marije desjarzje te ferlienen en dat barde. 

Ja, wat is de allegearre te melden? 
Der is wer in hiel moai wedstriidprogramma foar de leden. Der komme nije statuten (foar 2026!), mei de Keatsmuorre achter Sporthal ‘t Mingeltsje yn Sibrandabuorren rint it noch net flot, de bûtenkant fan de kantine sil oanpakt wurde (yn 2020 is de binnenkant oppompt), der is in kleanwebshop yn ‘e maak. Frieda Bruinsma bliuwt foarlopich noch yn ‘e Sponsorkommisje, der binne nije linen en ballen besteld. Ja, en dat wurde ballen mei in ynskripsje, as dat mei fan de KNKB. De kantine wurdt wer dûsklear 
IMGP7776 (2).JPG
makke foar it seizoen, allinnich de flier is net goed skjin te krijen. 
De jeugdtreningen binne wer begongen en der is wer in moaie groep kabouters. En, net ûnbelangryk, Wietske Boschma sil dit seizoen staazje rinne binnen it bestjoer!
 
Moai op tiid wie de fergadering dien en wie der tiid foar de neisit. 
IMGP7761.jpg
IMGP7773 (2).jpg
IMGP7777 (2).jpg
IMGP7769 (2).jpg
IMGP7766 (2).jpg




Nieuws

Jelke, Amerins en Age yn 'e krânsen - moai fris begjin fan seizoen 2024

zaterdag 27 april 2024
...
Lees meer...

Prachtich begjin mei Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

zaterdag 27 april 2024
...
Lees meer...

In lintsje foar Gerrit Koudenburg

vrijdag 26 april 2024
...
Lees meer...