Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Prachtige winst foar écht pearke Aaltsje Kroes en Rouke van der Meer yn Gau 

zondag 22 mei 2022
AB 1.jpg






Gau, sneon 21 maaie 2022. Yn totaal 30 pearen hienen har ynskreaun foar DLG-on-tour, it Pearkekeatsen, dit jier yn Gau, mei it sicht op de Gauster toer. En it wie alwer gender-neutraal. Miskien kinne wy it tal partoeren in bytsje sjen as in foarproefke foar de Oranjefeestpartij. Wy tinke, yn ús ûnskuld, dat wy dit jier grif wer rom boppe de 30 partoeren komme sille! 'Mark my words.' It waar wie prima, de keatsers en keatsters hienen der sin oan. Ut in list fan 24 B-partoeren kamen Aaltsje Kroes en Rouke van der Meer mear as fertsjinne yn 'e krânsen. As men sjocht hoe't se keatst hawwe yn fiif partijen: 5-5 6-0, 5-5 6-6, 5-5 6-2 en dan 5-3 6-6  en de finale 5-4 6-0, tsjonge, dan is dat mear as fertsjinne! De (âld-)Gausters sus en broer Esmee en  Mathijs Suierveld spilen yn de finale tsjin Aaltsje en Rouke en koenen dat dus krekt net rêde. De 3de priis wie foar Antsje de Boer  en Sytze Bram de Witte , mar sûnt koart wol leden fan ús moaie club.

Yn de ferliezersfinale lutsen Friso Luinenburg (gastspiler en noch noait in bal slein!) en Douwe Greidanus (ek Gauster!) oan it langste ein tsjin Antsje en Jelle Kievit, ja dy lêste twa binne der altyd by en pakke meastal in pryske! De 3e priis by de ferliezers wie foar de gastspilers Tsjikke Dotinga, te gast en âld-Gauster, Thomas Dijkstra, lid út Poppenwier.

De A-klasse bestie út 6 partoeren, ferdield oer twa pûls. De iene pûl bestie út folslein manlikje pearen, de oare pûl út mingde stellen. Yn de 'manlike' pûl wie it in spannende striid, lang bleau it ûnwis wa't it hjir winne soenen: dat waarden de 'jonkies' Wytse Symen Boschma en Gerben Wierda . Yn de finale mochten hja oantrede tsjin Arjen Radix  en it oansteande lid, nimme wy oan, Kim van der Meulen .  De lêsten wûnen dat fertsjinne op 5-3 6-0.
De striid om de 3de priis gie tusken Jelke de Vries  en Marco Lobregt  tsjin FokeJIl Bakker  en  Sytze Jan de Vries. Dat wûnen Jelke en Marco krekt, 5-5 6-2. 

A-klasse
1.       Kim van der Meulen (Raerd) en Arjen Radix (Goaiïngea)
2.       Wytse Symen Boschma (Offenwier) en Gerben Wierda (Goaiïngea)
3.       Jelke de Vries (Skearnegoutum) en Marco Lobregt (Wiuwert)
A 1.jpg


 
A 3.jpg
A 2.jpg

B-klasse ( 24 partoeren )
1.       Aaltsje Kroes (Gau) en Rouke van der Meer (Sibrandabuorren)
2.       Esmee Suierveld (Snits) en Mathijs Suierveld (Easterwierrum)
3.       Antsje de Boer (Drylts)
B 1.jpg
en Sytze Bram de Witte (Easthim)
B 2.jpg
B 3.jpg


  Ferliezersrûnte
1.       Friso Luinenburg (keatser om utens) en Douwe Greidanus (Gau)
2.       Antsje Kievit en Jelle Kievit (beide Sibrandabuorren)
3.       Tsjikke Dotinga (sis mar Gau) en Thomas Dijkstra (Poppenwier)
B ferl. 1.jpg
B ferl. 2.jpg
B ferl. 3.jpg




Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...