Op 19 desimber 2021 stie de maatskippij op in protte fronten wer yn 'e wachtstân. En dus wie it wer even dien mei it muorrekeatsen. It nije kabinet (Rutte IV) hie as earste wapenfeit: foar in grut part opheffing fan de measte slutingen: winkels iepen en de sport wer los.En sa kaam op snein 16 jannewaris de muorrekeatsploech mei in protte entûsjasme wer yn aksje.
De mannen spylje wer fan 13.00 - 15.30 oere.
De froulju spylje net mear op tongersdei, mar allinnich op tiisdei, fan 18.00 - 20.00 oere.