Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij leden jeugd

Op 27 april 2024 om 09:00 uur
locatie: Goaiïngea

Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij leden senioaren

Op 27 april 2024 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Âlder-bernpartij

Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Jelmer Drijfhout en Tsjalling Hospes winne mei oermacht it Slotmuorrekeatstoernoai!

zondag 20 maart 2022
Broedsje.jpg
Dit kear gjin ljip- of skriestoernoai, mar gewoan 'ít slottoernoai', mar wol mei in broedsje op it affysje!
De A-klasse begong om 13.00 oere, de B-klasse om 15.00 oere. Beide klassen hienen 14 dielnimmers en dy mochten allegearre 8 partijen spylje, 16 punten oer partij. 
Yn de A-klasse wûn Jelmer alle 8 partijen en hy hie in moai puntesaldo fan 29. Noch better die Tsjalling Hospes it yn de B-klasse: 8 winstpartijen en in posityf saldo fan mar even 62! 
Sybrigje Nynke Boschma wûn ek 8 partijen, mar hie in wat minder puntesaldo.

Mar goed, it wie in moaie middei mei moaie partijen en in protte sportive wille! Spitich wie wol dat in pear trouwe keatsers nei meidwaan mochten toch in positive koroanatest. In oar negatyf puntsje wie de 'knock-out' fan Jan de Groot, dy't troch in woeste úthaal fan in tsjinstanner gestrekt op 'e flier belâne. In moaie 2e priis wie der noch wol foar him, mei 6 winstpartijen!
Nei ôfrin waarden boppe yn 'e kantine de prizen útrikt, 4 yn elke klasse. De kommisje hie soarge foar enveloppen mei in wallball-sticker derop en mei fêst in weardebon deryn!

De útslaggen 

A-klasse
1. Jelmer Drijfhout 10,9 punten
IMGP7713a.jpg

2. Jan de Groot 8,5 punten
3. Jelmer de Jong 7,7 punten
IMGP7723a.jpg

4. Albertsym Fekken 6,4 punten
Toernoaiútslaggen.jpg
















B-klasse
1. Tsjalling Hospes 14,2 punten
2. Siebrigje Nynke Boschma 10,9 punten
3. Jochem Lootsma 9,8 punten
4. Maaike Faber 6,8 punten








De totaalútslaggen( elke winstpartij is 1 punt + 10% fan it puntesaldo )



































Nieuws

Sjoerd Dotinga ferstoarn

maandag 26 februari 2024
...
Lees meer...

Jurjen Hiemstra wint Muorrekeatstoernoai

maandag 5 februari 2024
...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Veegpiettoernoai

maandag 27 november 2023
Snein...
Lees meer...