Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij leden jeugd

Op 27 april 2024 om 09:00 uur
locatie: Goaiïngea

Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij leden senioaren

Op 27 april 2024 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Âlder-bernpartij

Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Fantastysk Keatswykein op Amelân

maandag 2 mei 2022
Groep.jpg


It ôfrûne wykein fan 29 april o/m 1 maaie Dit wykein hawwe we mei in ploech van 37 frou/man op keatswykein nei Amelân west. Freed binne de minsken op ferskillende tiden op de boat stapt om nei de Kienstrahoeve yn Buren te gean. De iene groep hat it eilân rûn fytst, de oare ergens wat dronken en de organisaasje hat de kampeerbuorkerij yn oarder makke en boadskippen dien. Op freedtejûn stie der in Hollywood Diner en in thema-/karaokejûn op it programma mei it thema film. Eltsenien wie ferklaaid as in karakter út in film en sa binne we ek it Amelander nachtlibben yn gongen. It bleau dizze jûn noch lang gesellich!
 
Mar moarns waard eltsenien om 8.00 oere alwer wekker makke foar it moarnsiten en dernei gong de keatswedstriid fan start! Der waard keatst op it ‘knollefjild’ achter de kampeerbuorkerij. Dêr leinen 5 perken. By de 4 partoer yn de A-klasse en 10 yn de B’s waard moai en gesellich keatst. Al hie de gesellige jûn fan de foarige jûns by in oantal noch wol wat ynfloed op de prestaasjes. Jûns stie der nei de barbecue in pubquiz mei soms bysûndere fragen op it program. 

Nei wer in tige gesellige jûn yn Nes wie it alwer gau moarn. Om 10.30 oere moasten we de koffers yn de karre stean ha foar ferfier nei de haven en starten we mei de folleybalwedstriid. Healwei stie der wer in lekkere lunch foar ús klear en nei de finale hawwe we mei syn allen de kampeerbuorkerij opromme en skjinmakke. Sadwaande koenen we om 14.15 oere op de fyts nei de fytsferhier om mei de boat fan 15.00 oere wer nei hûs te gean. En sa kaam der in ein oan dit earste en tige slagge keatswykein!

Sjoerdtje, Siebrigje Nynke, Renske, Evert, Sytze Jan, bedankt foar de organisaasje fan dit fantastyske wykein!!!  ( Aaltsje Kroe s)

Útslaggen keatswedstriid A-klasse 
 1. Egbert Heins en Nolke Bergstra  2. Evert Sijbesma en Arjen Radix
B-klasse
1. Albertsym Fekken, Fokke Postma en Wytske Boschma  2. Marije Jonker, Jelke Hindrik de Vries en Marijke Sijbrandij  3. Sytze Bram de Witte, Bertus Dotinga en Machteld Ypma. : 1. Jan Feenstra, Arjan Mutsaers en Esmee Suierveld 2. Aaltsje Kroes, Jelke de Vries en Petra Fekken

A2.jpg
A1.jpg
B1.jpg
B2.jpg

 
B3.jpg
B5.jpg
B4.jpg










Nieuws

Sjoerd Dotinga ferstoarn

maandag 26 februari 2024
...
Lees meer...

Jurjen Hiemstra wint Muorrekeatstoernoai

maandag 5 februari 2024
...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Veegpiettoernoai

maandag 27 november 2023
Snein...
Lees meer...