Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Alwér geweldich moai Bern-âlderkeatsen 

donderdag 26 mei 2022

Goaiïngea, tongersdei 26 maaie 2022.Jawis, it bliuwt in bysûndere partij, de Bern-âlderpartij op Himelfeartsdei. De hoefolste partij it dit jier wie, dat leit yn de argiven fan de keatsclub ferburgen! 'Dat zoeken we op.'
Der wienen 33 twatallen, yn allerhanne kombinaasjes: bern mei in echte âlder, bern mei in pake, in beppe, in omke, in buorman of samar in goede bekende. It makke allegearre neat út. Der stienen ek guon oan 'e kant, want as jo net frege wurde troch in bern, dan wurde jo in 'muurbloempje'.....

Kabouters 
By de Kabouters dienen 10 twatallen mei en dêrmei wie it de grutste groep, hartstikke moai! Om nei te sjen is dit wol de moaiste groep. En de helte koe in priis winne. Yn de finale koenen soan en heit Micha en Ate Helfrich it krekt net rêde tsjin soan en heit Eelco en Douwe Kiestra , 5-1 6-6. Foar heit Douwe wie it syn earste krâns! De 3de priis wie foar Roel Hofman en omke Ate Helfrich
Yn de ferliezersfinale wie it in prachtige 'striid' tusken twillingbroer en -sus Jildert en Feija Bakker . Jildert keatste mei in hiele fiere buorman, Sjouke Hijlkema út Sibrandabuorren, en Feija mei mem Hanneke Bouwman . Dochter en mem wûnen dizze 'emosjonele' partij op 5-2 6-4 en dat wie fertsjinne!  
Kabouters 1.JPG
Kabouters 2.JPG
Kabouters 3.JPG
Kabouters ferl. 1.JPG

Kabouters ferl. 2.JPG

De útslaggen
Kabouters  (10 twatallen )
1.    Eelco Kiestra en Douwe Kiestra     
2.    Micha Helfrich en Ate Helfrich
3.    Roel Hofman en Kees Adema
Ferliezersrûnte
1.    Feija Bakker en Hanneke Bouwman
2.    Jildert Bakker en Sjouke Hijlkema

Welpen
Yn dizze groep wurdt al folle mear keatst. Mar hjir komt it ferliezen al wat hurder oan as by de jongsten. De streame wolris wat triennen, mar even letter is it wer hoera! Der wie yn dizze groep in ferrassende winne: Femke van der Zwan dy't mei heit Richard yn de finale út in hast kânsleaze posysje weromkamen tsjin Ester Lootsma en mem Petra . Femke die it prima tsjin de - wy moatte earlik wêze - flink bettere Esther, mar Femke ferblikte net! En sa kaam hast alles oan 'e hang en op 5-5  6-2 makke Femke it út!
Yn de ferliezersfinale wie it minder spannend. Patrick Feenstra en tante Petra Feenstra wienen dochs wol wat better op dreef yn it spul as de dappere Anna-Lynn Koldijk mei har mem Jantine Radix . Mei in hast in skjinne telegraaf gie de winst nei Patrick en Petra, 5-1 6-0.  
Welpen 1.JPG
Welpen 2.JPG
Welpen ferl. 1.JPG
Welpen ferl. 2.JPG


De útslaggen
Welpen (8 twatallen)
1.    Femke van der Zwan en Richard van der Zwan
2.    Esther Lootsma en Petra Lootsma
Ferliezersrûnte
1.    Patrick Feenstra en Petra Feenstra
2.    Anna-Lynn Koldijk en Jantine Radix

Pupillen 
 Yn dizze klasse wurdt al folle mear rekkene: 'Kin ik mei heit of mem noch winne of moat ik oare maatregels nimme?' Ja, it libben is hurd! Sa besocht Imme Klaas Kievit it mei syn buorman Albertsym Fekken en net sûnder súkses! Allinnich Emma Brecht Bokma hie foar heit Jehannes keazen en dat fertrouwen waard net beskamme. 
Nei twa spile partijen stiene Emma Brecht en Jehannes mei 14 punten, ûnder mear nei winst op Doutzen Twijnstra en Jouke Dotinga , dy't nei twa partijen op 11 punten stienen. En ja, doe folge in finale tusken dy twa twatallen. Doutzen en Jouke lieten dy kâns net slûpe en pakten no de winst wol, 5-2 6-2. De 3e priis wie foar Imme Klaas Kievit en Albertsym Fekken troch in 5-3 winst op Wytze Krikke en Aaltsje Kroes .   
Pupillen 1.JPG
Pupillen 2.JPG
Pupillen 3.JPG


 Pupillen  (5 twatallen 
1.    Doutzen Twijnstra en Jouke Dotinga
2.    Emma Brecht Bokma en Jehannes Bokma
3.    Imme Klaas Kievit en Albertsym Fekken
 
 (Skoal)jeugd
En dan de klasse mei it measte 'keatsgeweld', troch de bern dan, want de âlder mei net boppeslaan! In prachtige finale waard hjir keatst tusken Jetske Zijlstra en heit Gauke en Martsen van der Goot en Kristia Dotinga , in ferrassende kombinaasje dy't by einbeslút de winst foar de froulju oplevere op 5-5 6-2. 
De 3e priis wie foar Ilse Baanstra en omke Pieter Paulusma . Hja ferlearen fan Martsen en Kristia op 5-1
Skoaljeugd 1.JPG
6-0. 
Skoaljeugd 2.JPG
Skoaljeugd ferl. 1.JPG

Skoaljeugd ferl. 2.JPG



 (Skoal)jeugd  (9 twatallen )
1.    Martsen van der Goot en Kristia Dotinga
2.    Jetske Zijlstra en Gauke Zijlstra
3.    Ilse Baanstra en Pieter Paulusma
Ferliezersrûnte
1.    Anna Marit Twijnstra en Jelmer de Jong
2.    Minke Lys Leenstra en Corné Langeberg












Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...