Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

7 prizen foar DLG'ers by KNKB famkes en skoalfamkes yn Goaiïngea (2)

zondag 29 mei 2022
Goaiïngea, 29 maaie 2022. It wie kâld de hiele dei, mei de stevige wyn en in temperatuer dy't ûnder normaal lei: de winterjas koe oan foar de stilsitters. It bestjoer hie yn syn wiisheid besluten de perken net om te goaien, de perken dy't de jûns tefoaren oan de kantinekant lein wienen. Sadree't de earste bal slein is, hoecht it spul net mear omlein te wurden. Der gienen dus minder ballen boppe, mar seker net minder ballen bûten. De fariant op in bekende siswize 'Foar de wyn is elk in opslagger', gie hjoed net op. Genôch hjiroer.

By de famkes stienen 13 partoeren op 'e list, 4 A-en 9 B-partoeren, allegearre 3-tallen. By de skoalfamkes wienen 25 twatallen, 6 A- en 19 B-duo's. Yn totaal wienen der dus 89 jonge dames yn 't fjild, tel dêrby op de âlders, begelieders, skiedsrjochters en karmasters, it wie suver smûk om it fild hinne. Behalve op de noardkant fan it fjild, by it Pôllehout, dêr wie gjin kop te sjen.  
En, dat wie in lyts wûnder, der hoegde hielendal net bylotte te wurden, ít spoekbyld fan elke wedstriidlieder!

A-klasse (6 partoeren)
 Hjir waard it moaie systeem van 'trije kear lotsje' hanteard en sadwaande bleauwen de trije perken moai fol.  dizze groep dienen Brecht Renema en Martsen van der Goot mei. De twa bêste partoeren nei trije partijen mochten yn in finale de einoerwinning besykje binnen te heljen. Brecht en har maat Maud Hellinga pakten oer de trije partijen de folle winst, 21 punten mei mar 4 earsten tsjin! Martsen en Wieke Schaap kamen út op 17 punten en dat wie krekt genôch foar de einstriid tsjin Brecht en Maud. Lykwols, it wie al gau dúdlik dat de winst nei de twa lêsten gean soe: op 5-3 6-0 foel it doek foar Martsen en Wieke.
Utslach
1. Maud Hellinga (Dronryp) en Brecht Renema (De Gaastmar)
2.  Martsen van der Goot  (Goaiïngea) en Wieke Schaap (Turns)  
Skoalfamkes A1 - kopie.JPG
Skoalfamkes A2 - kopie.JPG

















































B-klasse (19 partoeren )
Yn dizze klasse hie ús club relatyf wat minder izers yn it fjoer: Jetske Zijlstra en Anne Rikst Bakker . Jetske mocht twa kear keatse, ien kear winne en ien kear ferlieze. Anne Rikst ferlear de earste partij en dat hat soms ek wer syn foardielen: se mocht de finale fan de werkânsing  keatse. Fiif partijen koenen Anne Rikst en Lisan Kaper sa oan 'e bak: net ien partoer hat dizze dei faker spile! Omlopen draaie, dêr hawwe jo wat oan. Mar it wie dus net nuver dat de finale krekt even te dreech foar harren wie. Tsjin Fenna Cuperus en Amarens Koopal waard it 5-1 6-2. Net in punt foar it klassemint, mar dochs in pryske!  Utslach
1. Marit van der Meer (Skearnegoutum) en Maud van der Veen (Arum)
2. Amber Goedbloed (Turns) en Nathalie Andringa (Berltsum)
3. Mare Dijkstra (Makkum) en Brecht Grovenstein (Winsum)
Werkânsing
1. Fenna Cuperus (Boalsert) en Amarens Koopal (Wytmarsum)
2. Lisan Kaper (Sint Anne) en Anne Rikst Bakker (Tersoal)   
Skoalfamkes B 1.jpg
Skoalfamkes B 2.jpg
Skoalfamkes B 3.jpg
Skoalfamkes B ferl. 1.jpg
Skoalfamkes B ferl. 2.jpg





















Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...