Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
7 prizen foar DLG'ers by KNKB famkes en skoalfamkes yn Goaiïngea (1)
zondag 29 mei 2022
Goaiïngea, 29 maaie 2022. It wie kâld de hiele dei, mei de stevige wyn en in temperatuer dy't ûnder normaal lei: de winterjas koe oan foar de stilsitters. It bestjoer hie yn syn wiisheid besluten de perken net om te goaien, de perken dy't de jûns tefoaren oan de kantinekant lein wienen. Sadree't de earste bal slein is, hoecht it spul net mear omlein te wurden. Der gienen dus minder ballen boppe, mar seker net minder ballen bûten. De fariant op in bekende siswize 'Foar de wyn is elk in opslagger', gie hjoed net op. Genôch hjiroer. By de famkes stienen 13 partoeren op 'e list, 4 A-en 9 B-partoeren, allegearre 3-tallen. By de skoalfamkes wienen 25 twatallen, 6 A- en 19 B-duo's. Yn totaal wienen der dus 89 jonge dames yn 't fjild, tel dêrby op de âlders, begelieders, skiedsrjochters en karmasters, it wie suver smûk om it fild hinne. Behalve op de noardkant fan it fjild, by it Pôllehout, dêr wie gjin kop te sjen.
En - dat wie in lyts wûnder - der hoegde hielendal net bylotte te wurden, ít spoekbyld fan elke wedstriidlieder!
Famkes A-klasse (4 partoeren )
Wy hienen twa DLG'er by famkes A, Moniek Lootsma en Foke Jil Bakker . Moniek waard hindere troch blessuereperikels, mar ûndanks siet der hast noch in 2de priis yn mei har maten Iris Veltman en Anke Wassenaar. Dy 2de priis foel ta oan Foke Jil Bakker, dy't mei har maten Romy Postma en Noa Elzinga op 4 tsjinearsten de krâns litte moast oan Gerbrich Koster, Anna-Dieuwke Dijkstra en Rixt Blanke.
Utslach
1. Gerbrich Koster (Tsjom), Anna-Dieuwke Dijkstra (Ljouwert) en Rix Blanke (Boalsert)
2. Romy Postma (Winsum), Foke Jil Bakker (Tersoal) en Noa Elzinga (Boalsert)
Famkes B-klasse (9 partoeren )
Hjir kamen Elbrich Kooistra, Ilse Baanstra, Afke Marij van der Goot, Berber van der Goot en Rigt van der Velde yn aksje. En net sûnder súkses!
Elbrich Kooistra kaam mei har maten Inge Blanke en Jelly Hiemstra yn de finale. Har stabile foarbêstopslach wie de basis fan de winst op Suzanne Allema, Hilde Stremler en Anouk Delfsma, 5-3 6-4. De 3de priis wie foar Berber van der Goot. Sy ferlear mei har maten Yannah Palma en Marije Bokma mei deselde sifers, 5-3 6-4. Yn de finale fan de werkânsing luts Ilse Baanstra mei har maten Liset Sijbesma en Jennifer de Jong krektk oan it langste ein tsjin Rigt van der Velde, Selma van der Wal en Monique Postma, 5-5 6-2.
Utslach
1. Inge Blanke (Boalstert), Jelly Hiemstra (Menaam) en Elbrich Kooistra (Loaiïngea)
2. Suzanne Allema (Nijewier), Hilde Stremler (Eksmoarre) en Anouk Delfsma (Wommels)
3. Berber van der Goot (Goaiïngea), Yannah Palma (Tsjom) en Marije Bokma (Stiens)
Werkânsing
1. Liset Sijbesma (Easterein), Jennifer de Jong (Wytmarsum) en Ilse Baanstra (Snits)
Nieuws