Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Tongersdei 20 maart Ledegearkomste kf DLG

Op 20 maart 2025 om 20:00 uur
locatie: Doarpshûs De Kosterij yn Goaiïngea

Snein 23 maart Slotpartij muorrekeatsen Sibrandabuorren

Op 23 maart 2025 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Sneon 29 maart Meitsje de kantine simmerklear 

Op 29 maart 2025 om 09:30 uur
locatie: Goaiïngea

4de Jonge Hab Partij: wat in dei, mei wyn, drokte en prachtige keatserij (1)

maandag 17 juli 2023
De Jonge Haab.jpg
Goaiïngea 16 july. Wat yn koroanajier 2020 ûntstie troch it spontaan ynisjatyf fan in stel youngsters – de partij stie earst net iens op de wedstriidaginda – is yn 2023 útgroeid nei in partij mei in namme yn de wide omjouwing. De Jonge Hab Partij kin yn ien sike neamd wurde mei de Bonnemapartij fan Nijlân en de Keetpartij yn Burchwert. De Kippetjespartij is noch krekt in brêge te fier, safier moatte jo it miskien ek net komme litte wolle.

Wienen der yn 2020 16 partoeren fan allinnich leden, yn 2021 ferdûbele it oantal troch it útnûgjen minsken fan bûten. Yn 2022 wie de hikke al fan ‘e daam en waard it oantal 44 partoeren, in oantal dat ús foarich jier tinke liet oan de doarpepartijen yn de jierren 80 fan de foarige iuw. En no kinne wy dy fergeliking ek achter ús litte: 61 partoeren of 183 keatsers en keatsers! Genôch oer de statistiken.

It waaide in stoarm en dat hie spitich genôch tefolle ynfloed op it keatsspul. Sels Djokovic hie dêr yn de Wymbledon-finale lêst fan mei syn opgoai, en hy gie derôf! Mar it wie drûch en net hyt en dat is ek wat wurdich. Genôch oer it waar.


De seiskoppige kommisje besteand út Jouke Dotinga, Aaltsje Kroes, Jan Feenstra, Marcel de Groot, Albertsym Fekken en Jelmer de Jong hienen wer in perfekt evenemint delsetten. De sfear wie de hiele dei sportyf en relekst en sjonger Sietse Haaima hâlde de stimming der de goed yn mei syn brede repertoir. It publyk kompleet. En de ferlotting wie der fansels wer, mei moaie en wer nuvere prizen en de tafel as haadpriis, dy’t gong nei.... En it striepak lei nei in skoftke al út elkoar.....

En dan de wedstriid sels. De toernoaidireksje gie twa klassen ynsteld: in B-klas fan 48 partoeren mei froulju en manlju en in A-klas fan 13 partoeren mei allinnich mannen. Yn de B-klas moast flink wat bylotte wurde: de ultime nachtmerje mei safolle partoeren!

Kloft 2.JPG
 
Nieuws

Oprop: help mei de kantine simmerklear te meitsjen

dinsdag 11 maart 2025
...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Muorrekeatstoernoai

vrijdag 24 januari 2025
It...
Lees meer...

Freed 24 jannewaris Muorrekeatstoernoai

vrijdag 17 januari 2025
...
Lees meer...