Tradysjonele fakânsjepartij
It is hast in tradysje om daliks oan de ein fan de earste wike fan de simmerfakânsje de Thúsbliuwerspartij te ferkeatsen. It aardige is dat de measten, at se al fuortgeane, dan noch net fuort binne en sa krekt dizze partij meipikke kinne. En dan is it tal partoeren ek noch genôch om in aardige striid te hawwen.
En sa barde it op freed 19 july yn Goaiïngea
It waar wie prima, net te waarm en net te kâld en ek net te wiet. De sportiviteit stie wer heech yn it findel skreaun en de wille wie der ek, mar net by elkenien. it is net aardich fansels om dik te ferliezen of krékt bûten de prizen te fallen.
Om koart te kriemen...
By de kabouters-welpen wûnen mei de folsleine skoare fan 21 punten Foke Marij Bakker en Esther Lootsma. Dizze twa wienen supersterk! Mar as goede 2e eingen Riemer Hettinga (nij lid en soan fan ......) en Falke Bakker, dy't yn de earste partij mar krékt fan Foke Marij en Eshter ferlearen (5-4 6-6)! Ja, it hie samar oars kind!
De pupillen wienen mei trije partoeren. Jetske Zijlstra en Doutzen Twijnstra stieken mei kop en skouders boppe de twa oare partoeren út. Twa winstpartijen mei 6 earsten tsjin. Mei 1 punt mear as nûmer 3 pakten Minke Lys Leenstra en Jildou Twijnstra de 2e priis.
De skoalfamkes en -jonges (dêr hienen wy twa fan en dy foarmen in partoer!) keatsten ek yn in pûl fan fjouwer. Oppermachtich regearden Afke Marij van der Goot en Brecht Renema yn dizze klasse: trije dikke winstpartijen mei mar trije earsten tsjin! Dat wie dus fertsjinne. De 2e priis foel ta oan Sjoukje Gerbrandy en Martsen van der Goot, dy't mei twa winstpartijen de bêsten fan de rest wienen. In bytsje begrutlik kamen Folkert Yde Kievit út 'e striid. Yn de earste partij keatsten se har bêste partij (5-3 6-6 ferlies tsjin Rigt van der Velde, Ilse Baanstra en Anna Mutsaers), mar yn de beide oare partij bleau oan harren kant de telegraaf skjin wat de buordsjes oangiet.
DE ÚTSLAGGEN
Kabouters-welpen (4 partoeren )
- Foke Marij Bakker en Esther Lootsma (21 punten)
- Riemer Hettinga en Falke Bakker (18
punten)
- Benthe
Holtrop en Edsert Bouma (14 punten)
- Hedzer
Talsma en Kees Hofman (2 punten)

Pupillen (3 partoeren )
- Jetske Zijlstra en Doutzen Twijnstra (14
punten)
- Minke Lys Leenstra en Jildou Twijnstra (9
punten)
- Anne Rikst Bakker, Anna Marit Twijnstra en Imme Klaas Kievit (8 punten)


Skoaljeugd ( 4 partoeren )
- Afke Marij van der Goot en Brecht Renema
(21 punten)
- Sjoukje Gerbrandy en Martsen van der Goot
(16 punten)
- Rigt
van der Velde, Ilse Baanstra en Anna Mutsaers (13 punten)
- Folkert Yde Kievit en Jochem Lootsma (3 punten)

