Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
Agenda
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatsen B-groep
Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren
Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren
Teatsende thúsbliuwers Berber en Jildou winne
vrijdag 22 juli 2022
Goaiïngea, 22 july 2022. 25 jongelju dienen mei oan de jierlikse Thúsbliuwerspartij, teminsten. Net hiel folle, mar de wille wie der net minder om. En it wie bytiden knap spannend, 5-5 6-6 wie hast gjin útsûndering en it gie soms mar om in pear punten.... En it gie om 'gouden' beker, sa't jim sjen kinne!KABOUTERS
Yn dizze klasse mei 4 bern - se mochten trije kear tsjin in oar spylje - wie it in striid tusken broer en sus Jildert en Feija Bakker út Tersoal. De earste partij wie daliks al de finale, efterôf besjoen. Jildert wûn op 5-4 6-2 fan Feija. Wa't it ek hiel goed die, wie Remon Wiersma, de frij nije ynwenner fan Goaiïngea. Hy wennet sawat op it keatsfjild. Sá goed, dat hy yn de lêste partij fan Jildert wûn op 5-5 6-6. Mar wat barde? Jildert wûn mei 19 punten foar. En Feija en Remon hellen beide 18 punten. Rekkenmaster Marco van der Goot hie der wol oan. Tsjonge jonge, mar hy kaam derút. Feija hie 14 earste tsjin en Remon 16! Remon foel bûten de prizen, mar hie wol fan de bêste wûn. Hy wie dus einliks de bêste! Amerins Kiestra flink wat punten, wie net kânsleas, mar krekt net genôch punten. Dat komt wol wer!
Kabouters ( 4 bern )
1. Jildert Bakker 2. Feija Bakker
WELPEN
Yn dizze klasse sprongen Jitse Bakker en Eelco Kiestra der finaal út. Eelci die as kabouter mei by de welpen, in superkabouter kinst dat neame. De twa jonges wûnen alles en krigen mar 4 earsten tsjin! Patrick Feenstra en Hester Kiestra dienen it ek net min hear. Yn de ûnderlinge partij tsjin Jitse en Eelco ferlearen se mar krekt, Wa't it ek goed dienen, wienen Tieme Holtrop en Anna-Lynn Koldijk. De foelen krékt bûten de prizen, it skeelde mar 1 punt. Edsert Bouma en Mare van der Goot spilen twa goede partijen, mar troch ien wat mindere partij siet in priis der net mear yn.
Welpen ( 4 twatallen )
1. Jitse Bakker en Eelco Kiestra
2. Patrick Feenstra en Hester Kiestra
PUPILLEN
Mar 5 pupillen hienen wy dit kear. Se waarden trije kear lotte en sa spilen der hieltyd in partoer fan 2 tsjin in partoer fan 3 bern. It waard in yndividueel klassemint, dat fertsjinne wûn waard troch Doutzen Twijnstra mei 19 punten. Imme Klaas Kievit en Foke Marij Bakker hellen beide 16 punten en krigen beide ek 13 earsten tsjin. Dan mar de punten telle yn it lêste earst en dat kaam geunstich út foar Imme Klaas. Earme Marco, hy hie it swit op it gebit fan it rekkenjen. Krekt bûten de prizen foelen Falke Bakker en 'superwelp' Esther Lootsma.
Pupillen ( 5 bern )
1. Doutzen Twijnstra 2. Imme Klaas Kievit 3. Foke Marij Bakker
DE SKOALJEUGD MOCHT TEATSE En de 4 twatallen dienen dat mei in protte wille. En tsjonge wat in spanning. Trije fan de seis partijen kamen út op 5-5 6-6. Berber van der Goot en Jildou Twijnstra hellen 17 punten en krigen de teatskrâns om. Brecht Renema en Anne Rikst Bakker kamen op 16 punten út en dat jilde ek foar Martsen van der Goot en Minke Lys Leenstra, mar de lêsten hienen 2 tsjinearsten mear. Mei 14 punten foelen Rigt van der Velde en Anna Marit Twijnstra ek krekt bûten de prizen.
(Skoal)jeugd ( 4 twatallen ) - Teatsen
1. Berber van der Goot en Jildou Twijnstra
2. Brecht Renema en Anne Rikst Bakker
Nieuws