• Slagge ledepartij senioaren mei sterke winners

    zaterdag 27 augustus 2022
    Dizze ledepartij stie earst 14 dagen
     Aaltsje en Marcel.jpg
    earder op it program, mar wie útsteld nei 27 augustus. Der hienen mear keatsers en keatsters op 'e list stean kind, mar ja, elk hat har of syn eigen drokten en prioriteiten. Der wie in in moaie list fan 10 partoeren en dêr knipe de measte clubs op de swiere klaai harren hannen by ticht. Yn 't foar sille in protte Timen van Gelderen, Harmen van Gelderen en Folkert Boschma de 1ste priis wol tatocht hawwe, mar ja, it moat altyd noch mar.. Mar it barde ek noch. Yn de wei nei de finale stienen foar Van Gelderen c.s. Arjen Radix, Jochem Lootsma en Oeds Broersma op it program, kwa potinsje seker net minder en it kaam der net út by harren. Nei in walk-over tsjin Gerber Wierda, Jelke Hindrik de Vries en Piter Gerbrandy wie de finale berikt. 
    De oare finalisten Marcel de Groot, Rijkel Dotinga en Siebrigje Nynke Boschma hienen yn de earste omloop net draach tsjin Jan Feenstra, Maaike Faber en Petra Fekken, 5-2 6-2. Doe folge in walk-over tsjin Aaltsje Kroes, Folkert Yde Kievit en Wytse Symen Boschma, 5-0 6-6. De heale finale tsjin Jacob Dotinga, Marije Jonker en Wytske Boschma einge krekt sa, 5-0 6-6.

    De finale dus: Van Gelderen c.s. - De Groot c.s. Timen van Gelderen, Harmen van Gelderen en Folkert Boschma kamen in spul foar mar dêrnein stoomden Marcel de Groot, Rijkel Dotinga en Siebrigje Nynke Boschma yn ien kear troch nei in 3-2 foarsprong en letter kamen se ek noch mei 4-3 foar nei 3-3 6-6. Van Gelderen c.s. kamen wer op gelikense hichte en dêrnei kamen sy mei 5-4 foar. By einbeslút rekke wie foar harren de winst op 5-4 6-6. It wie wol wat de partij fan de foarbêstopslaggers Folkert en Siebrigje Nynke. Jo dogge it net mei sin, mar soms slagget it wol en soms slagget it net om de ballen binnen de linen te hâlden. En as dat net altyd slagget is dat sneu. Sels op de haadklasse bart dat!  De 3de priis wie foar  Jacob Dotinga, Marije Jonker en Wytske Boschma.

    De finale yn 'e ferliezersrûnte waard fertsjinne wûn troch Jelmer de Jong, Marrit Oosterbaan en Rianne Feenstra. Sy wûnen fertsjinne fan Sytze Bram de Witte, Esmee Suierveld en ús gloednije lid Riemy Reitsma fan Reduzum, 5-3 6-2, al hie der foar de lêsten wol wat mear yn sitten. Beide partoeren hienen yn de earste omloop wol wat ferrassend ferlern....

    De útslaggen
    1. Timen van Gelderen, Harmen van Gelderen en Folkert Boschma  
    2. Marcel de Groot, Rijkel Dotinga en Siebrigje Nynke Boschma  
    3. Jacob Dotinga, Marije Jonker en Wytske Boschma
    Ferliezersrûnte
     1. Jelmer de Jong, Marrit Oosterbaan en Rianne Feenstra  
     2. Sytze Bram de Witte, Esmee Suierveld en Riemy Reitsma
    1.JPG
    2.jpg
     3.JPG
    4 ferl. 1.jpg

    5  ferl. 2.JPG








  • Nieuws

    Maandag 17 maart start cursus Kaatstrainer 2 in Goënga

    zaterdag 25 februari 2023
    Lees meer...

    Begin maart start jeugdtrainingen in it Mingeltsje

    zaterdag 25 februari 2023
    Lees meer...

    It Keatswykein giet wer troch!

    vrijdag 10 februari 2023
    Lees meer...