• Sinne, wyn en ferbrând fel en sfearfol haadklassekeatsen yn Goaiïngea

    maandag 21 september 2020
    En doe hienen wy
    1 Gerrit.JPG
    ynienen haadklassekeatsen yn Goaiïngea. De Aldehoupartij yn Ljouwert koe manlju en froulju net tagelyk hawwe y.f.m. de koroanaregels. Nei de slotpartij fan 12 septimber waarden spikers mei koppen slein en sa waard froulju haadklasse in kombineard KNKB-DLG-evenemint yn it moaie doarpke deun boppe Snits. Mei de 1e klas froulju op 9 augustus hie de club al even waarmdraaie kind. Mar dit wie dochs krekt even oars. Klaas Greidanus pakte it karmastersûnderdiel op, Petra Lootsma regele de kantine- en cateringsaken en it bestjoer c.s. die dingen achter de skermen op koroanagebied. It fjild waard op ‘e tiid meand. De linen waarden lein – it fjild lei yn ‘e lingte fan ‘sportpark it Fintsje -, banken te plak setten en ôfsettingslinten delhongen. By de
    3 Blokjerinners en telegrafisten.JPG
    haadyngong stie Franziska om de taskôgers op te heinen en de nammen de notearen, makismaal 100 mochten deryn, bûten de frijwilligers fansels! Wytse Hospes wie de portier foar it autoferkear. En de blokjerinners en telegrafisten yn grien-wite pakjes stienen al op tiid klear. Sa wie alles perfekt regele en it iennichte dat wy net regele wurde koe - it waar  - wie ek perfekt. En Gerrit van der Leeuw die syn ding as omropper en oan ‘e ein as priisútrikker. En de froulju mei de cateringkarre, Liesbeth Cnossen en Aaltsje Wesselius, fersoargen it karmasterskorps en holden de minsken goed yn 'e gaten troch opmerkings as: 'Hast dy wol goed ynsmard?' 
     6 Hast dy goed ynsmard.JPG






    En, ek net ûnbelangryk, ûnder de 24 froulju wienen trije ús leden, alle trije opslachsters: Wiebrig Bakker, Andrea Kroes en Nynke Sijbrandij.
     
    Prizen fan Baanstra Bouw Begeleiding
    Foar de partij wie in moaie sponsor fûn foar de prizen, hielendal net ûnbelangryk: Baanstra Bouw Begeleiding fan Chris Baanstra út Snits, dy’t as heit fan Ilse en man fan Margriet nau belutsen
     BBB.jpg
    is by ús club. 

     
    2 en Margriet.JPG
























































































       
















    Om 11 oere gie it los yn twa perken
    12 Andrea en Sigrid.JPG

    Dat barde ûnder lieding fan skiedsrjochter J. Bergsma. Andrea Kroes (links) moast daliks los mei har maten Sigrid de Jong en Marije Hellinga. No, en dat gie net sa fleanend tsjin Sietske Okkemam Jeska Terpstra en Martzen Deinum. Se kamen samar 3 earsten achter en dêrnei ek noch 5-1! Mar de krêften yn de sport binne soms tsjuster. Elk nij earst waard befochten en foel hieltiten de goede kant oer en dat knage oan it fertrouwen fan de tsjinstanners en sa kaam alles oan ‘e hang. En sjoch, dêr wie de winst.
    Yn de twadde omloop wienen Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma in maat te grut, dêr wie gjin rêden oan: 5-1 6-4. Mar it plak foar de striid om de 3e priis wie al  feilichsteld.  
     
    Sa as al faker barde fan ‘t simmer hienen de
    15 Nynke Marrit Manon.JPG
    twa  toppartoeren elkoar lotte yn de earste omloop. Wa soe it wurde? No, it foel foar Nynke Sijbrandij (links) en har maten Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra net ta. Foardat se it wisten seagen se tsjin in 4-0 achterstân oan. Mar soms kin ien slach it tij keare en dat moat no ek sa west hawwe, mar dat is de skriuwer fan dit stik ûntgien. De partij gie ‘om’. En sa waard it 4-4. Mar lyk komme en trochgean binne twa ferskillende dingen. Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en motor Imke van der Leest pakten it wer op en yn in twa suchten stie it 5-4 en dêrnei 6-2 en koe de reade formaasje ûnder de brûs.  
    13 Wiebrig en Fiera.JPG

     
    Wybrig Bakker (links) en har maten Corrie Kroondijk en Fiera de Vries moasten tsjin it trio Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma. In ‘angstgegner’? Op 9 augustus troffen de beide partoeren elkoar yn Goaiïngea op de 1e klas, yn ‘e finale. Doe wie de winst foar Hovenga c.s. op 5-4 6-2. Bakker c.s. wienen net in sprút minder, mar lutsen op beslissende mominten oan it koartste ein. Op 5-4 6-6 wie it dien.
     
    De finale waard in mear as oertsjûgjende oerwinning foar Ilse Tuinenga, Manon Scheepstra en Imke van der Leest op Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Harmke Siegersma, 5-0 6-4. Sy stelden dêrmei harren kandidatuer foar de Frouljus-PC fan 27 septimber yn Weidum.
     De 3e priis gie nei Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma, dy’t op 5-3 6-4 wûnen fan Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Marije Hellinga.  En sa wie in ein kommen oan in moaie, sfearfolle, waarme keatsdei. En mei man en macht wie it fjild sa wer opromme! (foto: Folkert Yde Kievit rint noait mei lege hannen)
     19 Folkert Yde noait mei lege hannen rinne.JPG






    De útslach             
    1. Ilse Tuinenga (Frjentsjer), Margriet Bakker (Easterlittens) en Imke van der Leest (Easterein)
    2. Anna-Brecht Bruinsma (Ljouwert), Anne Monfils (Grins) en Harmke Siegersma (Berltsum)
    3. Serena Hovenga (Marsum), Amarins de Groot (Mantgum) en Aluca Bouma (Grou)
    1e.JPG
    2e.JPG
    3e.JPG




  • Nieuws

    Voorlopig geen muurkaatsen i.v.m. aangescherpte coronaregels

    donderdag 15 oktober 2020
    Het was te verwachten, maar door de...
    Lees meer...

    Stem op de kaatsclub bij Rabo ClubSupport van 5 tot 25 oktober !

    woensdag 7 oktober 2020
    - De opbrengst willen wij gebruiken voor...
    Lees meer...

    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne nij yn 't bestjoer

    donderdag 1 oktober 2020
    Jouke Dotinga en Arjen Radix binne...
    Lees meer...