Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij leden jeugd

Op 27 april 2024 om 09:00 uur
locatie: Goaiïngea

Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij leden senioaren

Op 27 april 2024 om 13:00 uur
locatie: Goaiïngea

Âlder-bernpartij

Op 9 mei 2024 om 12:00 uur
locatie: Goaiïngea

Prachtich nachtkeatsen by de grutten, en wat in waar!

zondag 11 september 2022
It soe in moaie nacht wurde en dat nei in pear nachten mei flink wat buien, wat hawwe wy troffen op de lêste wedstriid fan dit seizoen. Nei it útrikken fan de kompetysjeprizen gie it allegearre los, wylst de jeugd mei harren lêste partijen dwaande wie. 

AB-klasse
Wienen der ferrassende dingen? Ja, yn de A-klasse gienen Joukje Dotinga, Wybren Jorritsma en Moniek Lootsma nei in 5-1 foarsprong it skip yn en misten sa de finale. Dy kaam ta oan it tige sterke trio Arjen Radix, Marcel de Groot en Feiko Scheepvaart. Dy mannen makken yn de finale der in moaie partij fan tsjin Evert Sijbesma, Sytze Jan de Vries en de ferrassende A-klasse Jelke Hindrik de Vries. De lêste makke syn paad prima skjin. Radix c.s. liken yn ien kear troch te stomen nei de winst, mar in pear kear waard op 6-6 dochs it earst pakt troch Sijbesma c.s. Lykwols, op 5-3 6-6 slagge dat keunsstikje net noch in kear.

BC-klasse
In moaie keatserij mei ferrassende finalisten. De mannen Folkert Yde Kievit, Jelle Bouma en Tsjalling Hospes wienen de finalisten tsjin de dames Rigt van der Velde, Kim van der Meulen en Siebrigje Nynke Boschma. Wat hawwe de froulju fochten, lang like it de goede kant út te gean foar harren, mar de jonges lutsen op 5-5 6-2 oan it langste ein. De 3de priis gie nei Willem Twijnstra, Oranjefeestpartijwinner Brecht Renema en de nije ynstreamer Rikst Abma! In taai partoer.
De ferliezersfinale waard wûn troch Arjan Mutsaers, Aaltsje Wesselius en Jouke Gerbrandy. De partij tsjin Maaike Faber, Folkert Boschma en Antsje Marije Boschma wûnen se op 5-2 6-0.
 
De útslaggen Senioaren AB ( 6 partoeren ): 
1. Arjen Radix, Marcel de Groot en Feiko Scheepvaart  
2. Evert Sijbesma, Sytze Jan de Vries en Jelke Hindrik de Vries
Senioaren A 1.JPG
Senioaren A 2.JPG






























Senioaren BC ( 12 partoeren ): 
1. Folkert Yde Kievit, Jelle Bouma en Tsjalling Hospes  
2. Rigt van der Velde, Kim van der Meulen en Siebrigje Nynke Boschma  
3. Willem Twijnstra, Brecht Renema en Rikst Abma  
Ferliezersrûnte
1. Arjan Mutsaers, Aaltsje Wesselius en Jouke Gerbrandy  
2. Maaike Faber, Folkert Boschma en Antsje Marije Boschma
Senioaren B 1.JPG
Senioaren B 2.JPG
Senioaren B 3.jpg
Senioaren B 4 ferl. 1.JPG
Senioaren B 5 ferl. 2.JPG

 






Nieuws

Sjoerd Dotinga ferstoarn

maandag 26 februari 2024
...
Lees meer...

Jurjen Hiemstra wint Muorrekeatstoernoai

maandag 5 februari 2024
...
Lees meer...

Aaltsje en Siebrigje Nynke winne Veegpiettoernoai

maandag 27 november 2023
Snein...
Lees meer...