Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Prachtich Midsimmerjûnkeatsen mei de earste EDB Bouw-partij

zaterdag 2 juli 2022
IMG-20220703-WA0001 - kopie (2).jpg


Moaier waar as op dizze sneontemidde/-jûn koest net krije. De middeis om 4 oere gong de ledepartij foar de grutten los mei 12 partoeren, yn 1 klasse, ABC. Oppermachtich wie it partoer fan Marcel de Groot (prima keatsend), Rijkel Dotinga (nij lid út Drylts) en Oeds Broersma, al wie it yn de finale in knikkert op 'e kant tsjin Evert Sijbesma, Nynke Schipper en Antsje Kievit, 5-5 6-6. De 3de priis gie dus nei Sijbesma c.s. Yn de finale kaam it jonge partoer fan Sytze Jan de Vries, Folkert Yde Kievit en Jorrit de Jong ('herintreder!') der net echt oan te pas, 5-1 6-2. Yn de finale fan de ferliezersronde wûnen mei maksimale sifers, 5-0 6-0, Timen van Gelderen, Jochem Lootsma en Aaltsje  Wesselius fan Keimpe Talsma, Catrinus Kooistra en Jelke de Vries.Van Gelderen c.s. ferlearen yn de earste omloop fan Marcel en syn maten op 5-2 6-2. Se kamen te gau en te folle achter en koenen dat net mear rjochtbreidzje.  It bleau noch lang gesellich yn en om 'it Fintsje'. Wat in waar!
Nije sponsor fan dizze midsimmerpartij wie EDB Bouw fan Egbert de Bruin út Gau. Dit bedriuw is dus de opfolger fan Bakker TAB fan Wiggele Bakker út Skearnegoutum! Waarvan akte!          

De útslaggen
1. Marcel de Groot, Rijkel Dotinga en Oeds Broersma
2. Sytze Jan de Vries, Folkert Yde Kievit en Jorrit de Jong 
3. Evert Sijbesma, Nynke Schipper en Antsje Kievit
Ferliezersronde
1. Timen van Gelderen, Jochem Lootsma en Aaltsje Wesselius
2. Keimpe Talsma, Catrinus Kooistra en Jelke de Vries
IMG-20220703-WA0002.jpg

IMG-20220703-WA0003.jpg
IMG-20220703-WA0000.jpg
IMG-20220703-WA0004.jpg
IMG-20220703-WA0005.jpg




Nieuws

Jeugd koe noch krekt even nachtkeatse!

zondag 10 september 2023
...
Lees meer...

Prachtich Nachtkeatsen mei de Hapjespartij

zondag 10 september 2023
...
Lees meer...

Earste winst foar Jouke Dotinga en Jochem Lootsma op in ledepartij dit jier

maandag 21 augustus 2023
...
Lees meer...