• Partoer Wybrig Bakker mist op in pear hierren nei de winst by de KNKB 1e klas yn Goaiïngea

    zondag 9 augustus 2020
    It hie moai west, in oerwinning by keatsferiening De Lege Geaen yn Goaiïngea, it 2e thús fan Wybrig Bakker, sille we mar sizze. De froulju 1e klas yn kombinaasje mei de KNKB skoalfamkes hie ús feriening oannommen, dit om foar alle kategoryen noch in reedlik wedstriidprogram te regeljen yn dizze koroanatiden. De moarns moasten de perken noch omlein wurde. De eastlike wyn waaide doe noch net sa hurd, mar helle letter op ‘e dei flink oan. Der moast skean yn ‘e wyn opslein wurde en wa’t dêr dat bêst koe, wie spekkeaper.   
    De lytse list fan 7 partoeren wie op dizze hite snein yn augustus miskien ek wol in foardiel. Om dy reden wie de oanfangstiid op 9 oere setten. De reis nei de finale wie net iens sa dreech foar Wybrig Bakker, Corrie Kroondijk en Fiera de Vries (5-3 6-6 en 5-1 6-2), en dat jilde ek foar de oare finalisten, Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma, dy’t mei presiis deselde sifers de tsjinstanner oan ‘e kant setten (5-1 6-2 en 5-3 6-6). It waard dan ek in echte finale, wêryn’t  Hovenga c.s. hieltyd oan de goede kant fan de streep stienen mei de earsten. Oant 2-2 gie it lykop. De twa earsten dêrnei gienen beide op 6-6 nei Hovenga c.s. Bakker c.s. toanden fearkrêft troch goed spul en kamen werom ta 5-4. Yn it lêste earst waard Wybrig in sitbal ûntnommen ( foar safier’t wy sjen koenen ) en even letter hie Fiera in bal ‘oan’. Ja en dan krije jo in lytse knau. En sa waaide it kearske fan de hoop op de oerwinning út op 5-4 6-2. 
     
    Yn de ferliezersfinale rûnen Anna Rixt Miedema, Mintje Meintema en feterane Miranda Scheffer der sa trochhinne by Boukje Houtsma, ús âld-lid Jildou Ekema en Rixt Fokkema. It waard 5-1 6-2.   
     
    De útslach fan de KNKB froulju 1e klas frije formaasje ( 7 partoeren ):
    1. Serena Hovenga (Marsum), Amarins de Groot (Mantgum) en Aluca Bouma (Grou)
    2. Wybrig Bakker (Tersoal), Corrie Kroondijk (Easterein) en Fiera de Vries (Seisbierrum)
    Werkânsing
    1. Anna Rixt Iedema (Menaam),
     Froulju 1.JPG
    Mintje Meintema (Dronryp) en Miranda Scheffer (Menaam) 
     Froulju 2.JPG

     Froulju ferl 1.JPG


  • Nieuws

    Zondag 4 oktober en dinsdag 6 oktober start het muurkaatsen; meld je aan bij Nolke en Aaltsje

    zaterdag 26 september 2020
    Mits er geen aanvullende...
    Lees meer...

    Sinne, wyn en ferbrând fel en sfearfol haadklassekeatsen yn Goaiïngea

    maandag 21 september 2020
    En doe hienen wy ynienen...
    Lees meer...

    Kantine it Fintsje nei 18 jier opnij iepene!

    zaterdag 12 september 2020
    Jouke Dotinga hold op sneon 12...
    Lees meer...