• Nachtkeatsen foar de jeugd, wer in happening

    zaterdag 10 september 2022
    Alle kabouters.jpg
    Pankoeken   De kabouters 
    ( bygeande foto mei alle kabouters fan dizze dei ) en welpen mochten om 17.00 oere begjinne mei it iten fan pankoeken. Om 18.00 oere begong foar harren it 'nachtkeatsen'. Mar it waard by einsluten dochs skimerich en letter tsjuster.  

    De jeugdkommisje moast wer kreätyf wêze mei it lotsjen. De kabouters keatse fansels 1 tsjin 1 mei ien fêste keats. Elk slach levert punten op, gjin gedoch mei keatsblokjes! 
    Hiel apart: Roel Hofman waard mei in U-bocht winners by de A-kabouters. Marco van der Goot moast him ek yn bochten draaie om dêr út te kommen.

    Yn alle klassen, behalve by de kabouters en welpen, wie der sprake trije kear lotsje, dus trije kear oare maten.  De pupillen en skoaljeugd begongen om 19.00 oere. De âldere jeugd, de famkesgroep die mei by de grutten en dienen dat dêr prima! Nei de priisútrikking fan elke wedstriid waarden ek noch de kompetysjeprizen útrikt. Sadwaande stienen sommige bern mei de hannen fol mei bekers!De pupillen en skoaljeugd mocht mei de grutte bal spylje en dat heart by echt nachtkeatsen fansels.

    Dit binne de útslaggen fan dizze jûn
    Kabouters A ( 8 dielnimmers ): 1. Roel Hofman 2. Ravi de Vries  Ferliezersrûnte: 1. Dycke Fardau Bokma 2. Bert Kalma ( earste foto, dêrûnder álle kabouters )
    Kabouters B ( 6 dielnimmers ): 1. Feija Bakker 2. Remon Wiersma 3. Jesse van der Zwan
     Kabouters A alles.JPG
     Kabouters A B alles.JPG








     
    Welpen ( 4 partoeren ): 1. Tieme Holtrop en Hester Kiestra 2. Jitse Bakker en Anna-Lynn Koldijk
    Welpen 1 2.jpg







    Pupillen ( 5 dielnimmers ): 1. Rein Huitema 2. Rients Huitema 3. Falke Bakker
     Pupillen 1 2 3 (2).jpg













    Skoaljeugd (6 dielnimmers ): 1. Anna Marit Twijnstra 2. Ilse Mare Bokma 3. Anne Rikst Bakker
     Skoaljeugd 1 2 3.jpg







  • Nieuws

    Maandag 17 maart start cursus Kaatstrainer 2 in Goënga

    zaterdag 25 februari 2023
    Lees meer...

    Begin maart start jeugdtrainingen in it Mingeltsje

    zaterdag 25 februari 2023
    Lees meer...

    It Keatswykein giet wer troch!

    vrijdag 10 februari 2023
    Lees meer...