• Moaie winst foar Johan Cnossen op Krystkrânstoernoai

    zondag 22 december 2019

    Ja, as jo 5 fan de 6 partijen winne, sitte jo seker yn 'e prizen! Mar is it genôcjh foar de krâns? Dat is net sein, mar dat wie it wol foar de jongste dielnimmer oan it Krystkrânstoernoai, Johan Cnossen! Hy wûn 'op punten' fan Jouke Dotinga, dy't ek 5 partijen wûn hie, mar dy kaam 1 punt leger út mei it puntesaldo. En sa krige hy oan 'e ein fan 'e dei de krystkrâns om!
    IMGP0193 - kopie.JPG
    IMGP0194 - kopie.JPG



















    Toernoailieder Nolke Bergstra hie der wer in moaie lotting fan makke, want wat eingen in protte partijen mei minimaal ferskil. Spanning genôch dus.  Op twa muorren waard de striid útfochten. Op de iene muorre spilen foaral de A's en op de oare muorre de B's. En der wie in ploechje dat sawol op de A-muorre as de B-muorre spile. Sa kaam it dus dat de 1e en 2e priiswinners net ien kear tsjin elkoar hoechden. Ja, sa giet dat! 
    Yn totaal wienen der fan de 20 spilers en spylsters 2 dy't 5 kear wûnen;  7 spilers wûnen 4 partijen, 5 spilers wûnen 3 partijen, 3 spilers wûnen 2 partijen en 1 spiler wûn 1 partij. En wat sneu ûnderoan rekken Marije Jonker en Wybrig Bakker, allebei mei 6 ferliespartijen.    


    Ûnder:  de grutske Johan Cnossen mei in echte krystkrâns om!
    IMGP0233 - kopie.JPG
    IMGP0237 - kopie.JPG
    IMGP0215 - kopie.JPG
     20191222Krystkrânstoernoai a.jpg

    Even like it derop dat Harm van Gelderen mei de 1e priis nei hûs ta gean soe. By de útslaggen wie der in flater makke, in winstpartij moast in ferliespartij wêze. Sa rûtste hy fan it 1e plak nei in dield 6e plak mei Michel Nesse. Ek moai.
    Nei ôfrin koe der noch even neisitten wurde yn de kantine fan 'it Mingeltsje' en dêrnei gong in ploech nei De Trilker yn Poppenwier foar in krystdiner'.




    Ûnder
    Achter fan links nei rjochts: Harm van Gelderen, Johan Cnossen en Jouke Dotinga.
    Foar: Andrea Kroes, Albertsym Fekken en Evert Sijbesma.




    Taljochting op de puntetelling
    It totaal oantal punten is gelyk oan it tal winstpartijen + 10% fan it puntesaldo



















  • Nieuws

    Moaie winst foar Johan Cnossen op Krystkrânstoernoai

    zondag 22 december 2019
    Ja, as jo 5 fan de 6 partijen winne, sitte jo...
    Lees meer...

    Zondag 22 november Kerstkranstoernooi

    zaterdag 7 december 2019
    Lees meer...

    Foppe Drijfhout veegt als een echte Piet de muurkaatsbaan aan!

    zondag 24 november 2019
    De opkomst was groot; maar liefst 25...
    Lees meer...