• Moaie Pree-PC-partij yn Skearnegoutum

    zondag 1 augustus 2021
    Skearnegoutum, 1 augustus 20121. De Pree-PC-partij is wat nij libben ynblaasd troch der in trijedoarpepartij fan te meitsjen; Boazum-Goaiïngea-Skearnegoutum. En dat wie in goede set: der stienen 16 partoeren op ‘e list  (6 partoeren AB en 10 partoeren BC): 46 keatsers en keatsters. Der wienen 3 Boazumers kommen (reden fakânsjetiid). Wy neame se by namme: Thewis Wiersma en Foppe en Hetsche Boonstra. Dan 13 Skearnegoutumers en de rest wienen DLG’ers. Der wie op dizze snein foar elk 50% kâns op in priis. De hiele nacht en moarntiid hie it reind, mar fanôf in oere as 11 hienen de buien har deljûn en de sinne kaam sels noch by. Sa waard it prachtich keatswaar en moai keatsen sûnder wanklanken. Oant safier de statistiken en it waarpraatsje.

    Winst foar Jouke, Wybren en Timen yn de A-klasse 
    De 6 partoeren A’s mochten allegeare 3 keatse neffens de KNKB-lotting. Nei 2 omlopen hienen 2 partoeren 14 punten: Arjen Radic en Timo Atsma en de DLG’ers Jouke Dotinga, Wybren Jorritsma en Timen van Gelderen. En se kamen nét tsjin elkoar yn de 3e rûnte. Der soe net in finale folgje, dat it tal tsjinearsten moast de trochslach jaan. Radix c.s. hienen op dat stuit 9 tsjinearsten en Dotinga c.s. mar 5. Mar der wie noch neat fan te sizzen, want Dotinga c.s. moasten tsjin it partoer fan de sterk keatsende Egbert – altyd lestich – Heins, sterk yn ‘t perk en oan de stuit! By him wienen de Skearnegoutumers Herco Spoelstra en Erik Zeilstra. Bretaalwei pakten se de 4-2 foarsprong. It perk Dotinga-Jorritsma stie op omfallen en ek oan ‘e opslach rûn it net. Gelokkich foar harren dat se supporters achter it perk hienen, want dy setten de mannen wer wat op skerp mei snedige opmerkingen. En gelokkich hienen se de sterke opslach fan Timen van Gelderen as basis. Wybren kaam achteryn en oan de 2e opslach (wat sleauwere ballen!) en Jouke – nee, hy hoechde net te balkearen! – kaam foaryn. Prima wiksels dus en de mannen kamen op stoom en wûnen op 5-4 6-4. En wat die it deeglike duo Radix-Atsma? Se moasten mei sa grut mooglik ferskil winne fan Evert Sijbesma en Joop Hoekstra, mar dat wie krekt tefolle frege: 5-1 6-0. Prima dien, mar ja, de 2e priis dus en 3e priis wie foar ‘de bêsten fan de rest’ Egbert Heins, Herco Spoelstra en Erik Zeilstra.       
    De útslach
    A-klasse (6  partoeren ):
    1.    Jouke Dotinga, Wybren Jorritsma en Timen van Gelderen
    2.    Arjen Radix en Timo Atsma
    3.    Egbert Heins,
     Auke en Theo.JPG
    Herco Spoelstra en Erik Zeilstra
    A 1.JPG
    A 2.JPG
    A 3.JPG

    Jelmer, Auke en Femke de sterksten yn de B-klasse

    Faak sjogge jo dat nei in spannende partij fan 2 sterke partoeren yn de 1e omloop dy beide partoeren yn de finales nêst elkoar keatse. No dat barde op dizze dei hast ek.

    Jelmer de Jong, Auke Koopmans en Femke Terpstra wûnen nei in 4-1 achterstân dochs noch fan in blessuere herstelde Jan de Groot, Nynke Schipper en Rick Veffer. Jelmer en syn maten berikten  dêrnei op heale krêft de finale. De wûnen, nei in steand nûmer, yn de heale finale op 5-1 6-6 fan Henk-Jan Eekma, Maureen Stok en Jelke Hindrik de Vries. Yn de finale tsjin Aaltsje Kroes, Gerlof Atsma en Jochem Lootsma wûnen se hast mei deselde sifers: 5-1 6-0. Kransje hangen dus!

    Jan de Groot c.s. hienen it op ‘e trije dreech tsjin Maaike Faber, Folkert Yde Kievit en Piet Zijlstra, in sterk trio dat ek sterk keatste. Se leinen de holle pas del op 5-4 6-0. Krekt net in priis.

    Doe’t de echte finale dien wie namen namen Jan, Nynke en Rick it yn de ferliezersfinale op tsjin Marcel de Groot, Hetsche Boonstra (âld-lid) en Sjoerdtsje Postma. En ach, wat rûn dat sneu ôf foar de lêsten. Se kamen der suver net oan te pas, net ien earst krigen se, al wie it wol in pear kear 6-6.  


    De útslach

    B-klasse (10 partoeren)

    1.    Jelmer de Jong, Auke Koopmans en Femke Terpstra

    2.    Aaltsje Kroes, Gerlof Atsma en Jochem Lootsma

    3.    Henk-Jan Eekma, Maureen Stok en Jelke Hindrik de Vries

    Ferliezersrûnte

    1.    Jan de Groot, Nynke Schipper en Rick Veffer

    2.    Marcel de Groot, Hetsche Boonstra en Sjoerdtsje Postma


    B 1.JPG
    B 2.JPG
     B 3.JPG
     B 4 1e ferl.JPG
     B 5 2e ferl.JPG

















  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...