En sa hie de club ynienen trije eareplakken op wichtige KNKB-partijen: de 2e priis op de Jong Fammen, de 3e priis op it NK skoalfamkes en sneon july de 3e priis op it NK famkes yn Penjum. Afke Marije van der Goot, Moniek Lootsma en Iris Oosterbaan setten yn de earste twa omlopen frij maklik Tsjom en Sint Anne oan 'e kant (beide kearen 5-2), mar doe kaam it komplete Makkum, dat bretaal in 3-0 foarsprong naam. Goaiïngea herstelde knap troch yn ien kear troch te stomen nei in 4-3 foarsprong.
Doe kaam - achternei besjoen - it beslissende earst. Makkum kaam 6-2 foar en doe kaam it pechgefal fan Ilse Zwaagstra. Der kaam in ferfanger (balkearder) en Makkum krige fleugels en rûn troch nei de winst op 5-4 6-4. Yn de finale wûn Makkum op 5-1 6-0 fan Warkum.