Poll
Waar kaats je liever mee, met de grote (lucht)bal of met de kleine kaatsbal?
  • Met de grote bal
  • Met de kleine bal
  • Maakt mij niets uit

Agenda

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 november 2024 om 13:00 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatsen B-groep

Op 26 november 2024 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Muorrekeatstoernoai Sibrandabuorren

Op 24 januari 2025 om 18:30 uur
locatie: It Mingeltsje Sibrandabuorren

Midsimmerpartij foar de jeugd mei waar as spek

vrijdag 17 juni 2022
Der binne fan dy jûnen dat de bern lang bûten boartsje, yn it langst fan de dagen en mei waar as side, sis mar in 'side spek'. Se binne dan net nei binnen ta te krijen. Alteast, sa wie it eartiids. Sa'n jûn wie dizze jûn. It wie op dizze freed de fjirde ledepartij foar de bern/jeugd. Yn totaal wienen der 29 dielnimmers, wêrby't de kabouters mei 10 famkes en jonges oan kop gongen. 

- De kabouters spylje hiel moai 1 tsjin 1, dat soe foar de grutten ek wol in kear wat wêze, en dan mei in koarter perk en in smeller fjild. Wiebe Huitema sloech syn slach en kaam yn de krâns yn in spannend gefjocht tsjin doarpsgenoat Roel Hofman. De 3de priis wie foar Ravi de Vries. Hy ferlear yn de heale finale mar krekt fan Roel. Yn de ferliezersfinale wûn Ronja Teernstra op 5-2 6-2 fan Layla Borkhuis

- De welpen, mei in pûltsje fan 3 partoeren,, makken it o sa spannend, oan de lêste slach ta. Net ien partoer wûn beide partijen en sa kamen Jitse Bakker en Mare van der Goot yn de krânsen, mei 1 tsjinearst minder as Tieme Holtrop en Anna-Lynn Koldijk (beide partoeren hienen 10 fóarpunten). Mar Tieme en Anna-Lynn hienen wól wûn fan Jitse en Mare. Ja, it kin raar gean. 

- By de pupillen, mei in pûltsje fan 3  twatallen, wie ien partoer oppermachtich: dat fan Imme Klaas Kievit en Rients Huitema. De beide jonges wûnen beide partijen sterk. En wa waarden 2de, dat wie de fraach. Dat wienen dus Jorrit Boersma en Falke Bakker, mei krekt 1 punt mear as Rein Huitema en Norah ten Brink (krekt nij fan Skearnegoutum).

 - De skoaljeugd, sis mar skoalfamkes,  hie ek in moai pûltsje fan 3 twatallen. It bleau spannend oan de lêste slach ta. De famkes hienen it dreech. It waar drukte op harren en wa wit wat noch mear. Der moast op 't tiid dronken wurde, hier moast wer even goed yn 'e sturt, der waard fitere as it nedich wie, ensafh. It waard let, mar it wie wol in moaie partij fan Jetske Zijlstra en Anna Marit Twijnstra tsjin Minke Lys Leenstra en Doutzen Twijnstra (noch pupil!). De lêsten kamen 4-1 foar en it publyk joech net folle mear foar de kânsen fan Jetske en Anna Marit. Mar it betearde oars: Jetske en Anna Marit stoomden yn ien kear troch nei in 5-4 foarsprong, mei oare wurde: se wienen begongen better te keatsen. Mar ja, jo kinne net alles hawwe it waard 5-5 en alles kaam oan 'e hang. Minke Lys pleatste op dy stân in sitbal by Anna Marit foaryn, de bal knapte ôf op har hân. Dat fine je dan as foarynse net leuk, mar ja......

DE ÚTSLAGGEN

KABOUTERS   (10 dielnimmers )
1. Wiebe Huitema  2. Roel Hofman  3. Ravi de Vries
Ferliezersronde
1. Ronja Teenstra  2. Layla Borkhuis
 
Welpen 12.jpg

WELPEN (3 partoeren )
1. Jitse Bakker en Mare van der Goot  
2. Tieme Holtrop en Anna-Lynn Koldijk
Welpen 12.jpg



PUPILLEN (3 twatallen )
1.  Imme Klaas Kievit en Rients Huitema  
2. Jorrit Boersma en Falke Bakker
Pupillen 12.JPG



SKOALJEUGD (3 twatallen )
1. Minke Lys Leenstra en Doutzen Twijnstra  
2. Jetske Zijlstra en Anna Marit Twijnstra
IMGP9819.JPG

 








Nieuws

Snein 24 novimber Veegpiettoernoai - Muorrekeatsen 

maandag 11 november 2024
...
Lees meer...

O sa slagge slagge ALF (Algemien Ledefeestje)

vrijdag 25 oktober 2024
...
Lees meer...

Freed 25 oktober 2024: Algemiene Ledegearkomste 

woensdag 9 oktober 2024
...
Lees meer...