• Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden nei de ledeferdering yn Ús Gebou yn Gau kommen. Foar ynterim-foarsitter Aaltsje Wesselius soe it de lêste kear wêze dat se de fergadering  foarsitte mocht en dat die se wer prima. 

    Moaie sifers
     Troch it koroanajier wie der in negatyf saldo, mar finansjeel stiet de club de goed foar. De kaskommisje, Eite Stienstra en Jelmer de Jong, wie tefreden en sa koe Franziska van der Tempel mei in goed gefoel de jildponge trochjaan.

    En der sil wer ynskreaun wurde foar de Poiesz Jeugd  Sponsor Actie
    En de Rabo ClubSupport komt ek wer.

    KNKB-wedstriden 2022
    - 15 maaie froulju 1e klas frije formaasje; 
    - 29 maaie skoalfamkes AB t.i.l. en famkes AB t.i.l.; 
    - 3 july manlju 50+ AB t.i.l.

    De âlde ôfdielingsshirts (Bloem en groen) geane nei Gambia .
    Dat is eartiids ek bard mei de hirts fan de kuorbalclub: in grut súkses.
    Bestjoer.JPG

    Bestjoersferkiezing
    En dan wie dêr in hichtepunt fan de jûn: beneaming fan twa nije bestjoersleden: Maaike Faber en Marije Jonker. Maaike, dizze jûn al yn aksje as notulist, wurdt sekretaris en Marije sil de jildsaken dwaan. (Applaus.) Marije wie der earst net by, mar oan ‘e ein fan de jûn wol (foto).

    En dan krijt de nije foarsitter Jouke Dotinga it wurd. Der wurdt ôfskied nommen fan Aaltsje Wesselius nei hast 18 jier (!) en fan Franziska nei goed 7 jier. Twa leden wurde yn it sintsje (‘in het zonnetje’): Nolke Bergstra en Aaltsje Kroes.

    Repkobeker 2021
    En oan ‘e ein fan de fergadering krije Sjoukje Dotinga, Timen van Gelderen en Arjen Radix de Repkobeker útrikt. Sjoch ek ûnder de kop 'Repkobeker' yn it menu fan dizze webside.
    Repkobekers.JPG






  • Nieuws

    Maaike Faber en Marije Jonker nemen het stokje over

    vrijdag 1 oktober 2021
    Op tongersdei 1 oktober wienen in lytse 30 leden...
    Lees meer...

    Zondag 26 september begint het Muurkaatsen weer

    dinsdag 21 september 2021
    ...
    Lees meer...

    In prachtige nacht om te nachtkeatsen

    zondag 12 september 2021
    Doe't wy begongen mei in prachtige list ...
    Lees meer...